(Funksjoneel) analfabetisme en ûntlêzing is in fiks (lanlik) probleem. Yn Fryslân is dêrneist in soad omtinken foar meartaligens. Yn 2021 hat Ljouwert UNESCO City of Literature ûndersyk dien nei lêsbefoardering yn Fryslân. Yn septimber fan dat jier is der in ferslach publisearre.

Meartaligens draacht by oan in grutter taalbewustwêzen, persoanlike identiteitsûntwikkeling en iepenheid nei oare talen en kultueren. Op dit stuit binne der yn ús provinsje al in protte inisjativen om alfabetisme, meartaligens en ynteresse foar lêzen te befoarderjen. Ljouwert UNESCO City of Literature hat dy inisjativen yn kaart brocht en start in (oanfoljend en ferbinend) Frysk-ynternasjonaal projekt op. Foar lêsbefoardering en meartalich alfabetisme en mei literatuer as útgongspunt.

Jan Gaasenbeek oer it diene ûndersyk: