Sûnt koart is in gedicht fan Stadsdichter Marrit Jellema te lêzen as rútgedicht by Paviljoen Obe op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It giet om it twadde diel, 21, fan it gedicht Geen ode zonder pijn. It gedicht is yn trije talen te lêzen: yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.
Geen ode zonder pijn, de titel seit it al, is in oade oan Ljouwert dy’t ek de tsjustere kanten fan de stêd net út ‘e wei giet. It binne twa persoanlike momintopopnamen. Yn it twadde part beskriuwt Marrit Jellema hoe’t se har op 21-jierrige leeftiid wolkom en thús fielen leart yn Ljouwert. Arjan Hut sette it gedicht nei it Frysk, Preston Losack oer nei it Ingelsk.
Presintaasje gedicht by Obe
Moandei 24 juny presintearren Marrit Jellema en wethâlder Hein Kuiken (kultuer) mei-inoar it gedicht Geen ode zonder pijn by it Visitors Centre fan Visit Leeuwarden yn Paviljoen Obe. Ek oersetters Arjan Hut en Preston Losack wienen der by. It gedicht is foarmjûn troch BW H Ontwerpers en oanbrocht troch Haan reclamewerken.
Foto’s: Amber Postma, gemeente Leeuwarden
yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature