Van 28 jannewaris oant en mei 3 febrewaris 2027 is it wer Poëzieweek yn Nederlân en Flaanderen. It lanlike tema is dit jier ‘Zwaartekracht’ (swiertekrêft). 

Mienskiplike promoasje

Ek yn Fryslân wurde moaie aktiviteiten organisearre, troch ûnder oare boekhannels, skoallen en biblioteken. Wolst dyn aktiviteit(en) oanmelde op de sintrale lanlike website foar de Poëzywike? Mei in mienskiplike promoasje binne wy allegear better te finen.

Wat freegje we dy te dwaan?

  • Organisearrest in aktiviteit yn of om de Poëzywike hinne? Meld dyn aktiviteit dan s.g.m. oan op poezieweek.com/activiteit-toevoegen. Belangryk: slút dyn tekst ôf mei de sin:

Benieuwd naar alle activiteiten in Fryslân in de Poëzieweek? Zoek op deze website op trefwoord ‘Fryslân’! 

As wy dit allegear dogge, kinne besikers alle aktiviteiten makliker fine. 

  • Jou de tekst, foto (min. 1 MB) en de ynfo fan dyn aktiviteit ek oan ús troch op info@leeuwardencityofliterature. nl. Dan sette wy it ek op ús online agenda.

Us aktiviteit? 

Ljouwert UNESCO City of Literature bringt in kadobondel út mei wurk fan 21 nije dichters. Minsken dy’t poëzy keapje yn de boekhannel yn de Poëzieweek, krije dy bondel der fergees by.