As UNESCO City of Literature wolle Ljouwert en Fryslân ynvestearje yn in profesjoneel literêr klimaat, in ynternasjonaal netwurk en it sa tagonklik mooglik meitsjen fan literatuer (ûnder mear rekken hâldend mei funksjoneel analfabetisme en meartaligens).
By ‘literatuer yn Fryslân’ tinke wy fansels yn it foarste plak oan Frysktalige literatuer. Mar it is folle mear as dat. Ek Nederlânsktalige gedichten, ferhalen en romans definiearje de skiednis, de posysje en de takomst fan ús provinsje. En ferjit net de auteurs en dichters dy’t skriuwe yn it Biltsk, Stellingwerfsk of ien fan de oare streek- en minderheidstalen dy’t Fryslân ryk is! Troch neist dit alles de klam te lizzen op oersettingen fan skriuwers út Fryslân en op útwikselingen mei oare talen en kultueren, ûnderstreekje wy it iepen en ynklusive karakter fan literatuer yn Fryslân.