Ljouwert UNESCO City of Literature bout oan in duorsume en stevige literêre ynfrastruktuer. Wy dogge dat hieltyd binnen de neikommende beliedslinen: 

Profesjonalisearring 

It befoarderjen fan in goede ynfrastruktuer foar de profesjonalisearring fan talintfolle skriuwers, dichters en oersetters.

Lêsbefoardering 

It ynteressearjen fan publyk foar lêzen en literêre aktiviteiten.

SDG-gearwurking 

It inisjearjen en stypjen fan projekten yn Fryslân wêrby ‘t literatuer ynset wurdt foar it realisearjen fan in leefbere takomst en it breed ûntsluten fan de Fryske literatuer.

Arcadia 

It hieltyd oansluten by de triënnale fan LF 2028 mei in grutskalich, literêr programma. Foar it earst yn Arcadia 2022 (7 maaie -14 augustus ).

Ynternasjonalisearring 

It fergrutsjen fan de ynternasjonale sichtberens fan skriuwers / dichters út Fryslân en it stimulearjen fan moetings en útwikselings oer de grins.