Leeuwarden UNESCO City of Literature is in Algemeen Nut Beogende Instelling (ANBI). Dat betsjut dat ús aktiviteiten in algemien belang tsjinje. Wolst ús stypje mei in skinking, legaat of erfenis? Dan jilde dêrfoar belestingfoardielen. Mear ynformaasje oer jeften en it ferskil tusken in gewoane en in periodike jefte.

Us ANBI-gegevens
Namme ynstelling: Stichting Leeuwarden UNESCO City of Literature
KvK-nûmer: 95258019
RSIN/fiskaal nûmer: 867061935
Postadres: Boterhoek 3, 8911 DH Ljouwert

Doelstelling en beliedsplan
It befoarderjen fan literatuer yn Fryslân en Fryske literatuer, yn in (ynter)nasjonale kontekst en it dwaan fan alle fierdere hannelingen, dy’t mei it foarensteande yn de romste sin ferbân hâlde of dêrta befoarderlik wêze kinne.
In koarte ferzje fan ús wurkplan 2025-2028 is hjir te finen.

Ried fan Tafersjoch
Leeuwarden UNESCO City of Literature wurket mei in trijekoppige ried fan tafersjoch (RfT), besteande út: S. van Gent (foarsitter), L. van Grunsven en H. Visser.

Beleaningsbelied RfT
De RfT-leden krije gjin beleanning foar harren wurksumheden. De RfT kin mei in gewoane mearderheid fan stimmen, yn in gearkomste dêr’t elk RfT-lid oanwêzich is of fertsjintwurdige wurdt, beslute ta fergoeding fan reis- en ferbliuwkosten, dan wol oare yn de útfiering fan harren funksje makke kosten.

Beleaningsbelied meiwurkers
Der binne út Stichting Afûk wei twa minsken detasjearre by Leeuwarden UNESCO City of Literature, wêrby’t de beleanning fêststeld is op basis fan de CAO Zorg & Welzijn. Trije meiwurkers binne as zzp’er ferbûn oan Leeuwarden UNESCO City of Literature. Harren beleanning wurdt fêststeld oan’e hân fan’e ferwachte oereynset en de funksjeromskriuwing, mei achtslaan fan in fair practice basearre op fertrouwen, duorsumens en transparânsje.