Tekst: Ernst Bruinsma | Foto: Natalia Balanina
De Britske skriuwster Katerhine Rundell skreau in pear jier lyn in oansteklik boekje oer dit fenomeen Waarom je kinderboeken moet lezen, zelfs al ben je oud en wijs. Se leit út dat wa’t earlik nei syn eigen lêslibben sjocht, wit dat wy alles trochinoar lêzen bliuwe. As bern, as adolesint, as folwoeksene. Wy keare werom, dwale ôf, lêze op ’e nij. De gedachte dat jeugdliteratuer wat is dat je ‘ûntgroeie’, sa leit se geduldich út, miskent net allinnich de lêzer, mar ek dy literatuer sels en har eigen tradysje.
Berneboeken biede, op har bêst, wat dat folwoeksen literatuer soms mist. Se fertelle sûnder omhaal oer hoop, gerjochtichheid, leafde, moed en feroaring. Net ienfâldiger, mar miskien wol mear konsintrearre. Krekt dêrom kinne se fan ûnskatbere wearde wêze op mominten dat it libben yngewikkeld wurdt. Giest troch in lestige perioade, dan kin in berneboek ûnferwachts de juste toan reitsje. It is dan ek gjin tafal dat de merk foar berneboeken stevich bliuwt, ek yn in tiid fan digitalisearring en streaming.
Sille wy besykje berneboeken net langer te sjen as in probleem – wat dat hingjen bliuwt yn lêsfeardichheidssifers of ûnderwiisdiskusjes – of dyn persoanlike lêsskiednis? Lês en werlês berneboeken en sjoch dat foaral as in kâns. In kâns om dysels foarmjen te bliuwen, om stipe oan te ûntlienen, om dyn ferbylding en empatysk fermogen te fuorjen. Jou de ferhalen dy’t dysels ea foarme hawwe foaral ek troch.
Wy stelden oan ús freonen, kollega’s, skriuwers en oare hertstochtlike lêzers de fraach hokker berne- en jeugdboeken in net út te wiskjen yndruk makke hawwe?
1878 • Hector Malot, Alleen op de wereld.
‘Terwijl onze levens zo verschillend waren, voelde ik me toch intens met het hoofdpersonage verbonden en daardoor voelde ik me minder “alleen op de wereld”.’
1951-1958 • Anne de Vries, Reis door de nacht.
‘Was vooral een lezer van strips en van de Donald Duck, maar een serie die ik ademloos heb gelezen is Reis door de nacht van Anne de Vries, de vier delen De Duisternis in, De Storm steekt op, Ochtendgloren en De Nieuwe Dag verschenen van 1951-1958. Ik denk dat ik ze las vanaf mijn elfde verjaardag. Kan vreemd genoeg geen zin citeren, wel weet ik dat erin stond dat de Duitsers Sassenheim het mooiste Nederlandse woord vonden, want daarin zaten hun “SA/SS en Heim”.’
1949 • H. de Roos, de Kameleonseary.
‘In jongesdream: boeven fange mei in raceboat. En dat allegear yn in foar my hiel werkenbere wrâld: de besletten feiligens fan in oersichtlik doarp. Ek mei de tsjinstelling Fryslân/Hollân en plattelân/stêd yn de betsjutting goed/ferkeard. Dat fielde ik as jonkje ek wol wat sa.’
1954 • Maarten Toonder, Tom Poes en het tijddeurtje.
‘Lies ik yn de Donald Duck. Stie as ferfolchferhaal op de lêste fjouwer siden fan dat wykblêd. Rommeldam (lyts smûk, âlderwetsk stedsje) is gjin doarp mar de tsjinstelling mei Duckstad (grutte stêd, strak en modern) is min ofte mear itselde as dy tusken stêd en plattelân. De styl fan tekenjen is ek totaal oars (Biedermeier, Anton Pieck) as dy fan studio Disney en dan dat hearlike argayske taalgebrûk! Bommel is in mei himsels ynnommen, domme en dochs o sa sympatike held op sokken.’
1955 • Diet Huber, Tutte mei de linten.
‘Fanwege it muzikale, it boartlike fan taal.’
1970 • Roald Dahl, De Fantastische Meneer Vos.
‘Dit wie it earste boek dat ik krige doe’t ik in bytsje knap lêze koe. In kreatyf, fermaaklik en spannend ferhaal oer in foksefamylje dy’t wennet ûnder in beam en de striid oangiet mei trije boeren: Bolus, Bits en Biet. Us bern ha’k it letter ek foarlêzen.’
1973 • Astrid Lindgren, De gebroeders Leeuwenhart.
‘De fantasiewrâld, it wie spannend en in prachtich ferhaal yn in hiele oare wrâld.’
1973 • Thea Beckman, Kruistocht in spijkerbroek.
‘Wy hiene yn groep 7 & 8 les fan master Gerrit en dy koe prachtich foarlêze. It sil om 1997/1998 hinne west hawwe. Ik wit noch dat it ferhaal sels doe yndruk op my makke, mar dat ik foaral útseach nei de foarlêsmominten yn ‘e klasse. Dan hong der sa’n moaie sfear yn ’e klasse.’
1975 • Michael Ende, Momo en de tijdspaarders.
‘Waarschijnlijk heb ik het als vrij jong meisje gelezen zonder alles nog te begrijpen, maar het concept van tijd überhaupt en het ‘sparen’ daarvan vond ik machtig interessant. Net zoals de duistere mannen in pak met hun sigaren en de onrechtvaardigheid van hun handelen.’
1977 • Guus Kuijer, Op je kop in de prullenbak.
‘In gekke meester yn de klas, dat wie hiel grappich om te lêzen.’
1980 • Akky van der Veer, Moai waar op ’e Lemmer.
‘In spannend en kostlik ferhaal oer twa jonges dy’t aventoeren belibje as it sirkus nei de Lemmer komt, mei klowns, in reus (dy’t fereale is), stellerij en brodsk waar. It sit ferrekte goed yninoar.’
1982 • Sue Townsend, The Secret Diary of Adrian Mole.
‘Enorm grappig en precies het voyeurisme (even in iemand anders z’n brein!) dat je als tiener nodig hebt. Ik hield zelf ook dagboeken bij en heb wel een tijdje de stijl van Adrian Mole gejat. Eigenlijk een heel goede schrijfoefening.’
1982 • Heather Amery & Stephen Cartwright, Tûzen wurden.
‘Dit boek hawwe myn broers en ik fan ûngefear 1990 oant en mei 1996 alle trije wiken wer op ’e nij út de bibliobus helle… (foar alle oare bern yn Wymbritseradiel, dy’t ek graach op syk woenen nei it pykje, hjirby noch in lette sorry).’
1986 • Eppie Dam, Spinaazje mei spikers.
‘Doe’t ik yn Fryslân kaam, moast ik it Frysk leare. De taalmetoade bestie út drege teksten yn in griene map. “Gjalt, gean by it rút wei oars skipest kjeld” wie de earste sin … Jasses, dit soe in klus wurde. Pas doe’t ik Eppie Dam lies (in skoech-kado mei Sinterklaas) tocht ik: Ha, ik kin yn dizze taal ek fan alles fersinne. Hy hat my echt oanset op it Frysk.’
1982 • Monica Furlong, Heksenkind.
‘Het verhaal geeft een prachtig inkijkje in het alledaagse leven in de middeleeuwen, het bijgeloof in die tijd, de rol van meisjes en vrouwen in de maatschappij. Het spreekt me vooral aan hoe open Juniper de wereld bekijkt, hoe ze opkomt voor de zieken en hoe ze het jonge meisje Leana onder haar hoede neemt en alles leert wat ze weet. Van astronomie tot Latijn en Grieks, en van het huishouden tot kruidenleer. Dit maakte op mij als jong meisje veel indruk, een boek dat ik nu als volwassene nog graag lees!’
1992 • Anke de Vries, Blauwe plekken.
‘Het opende een wereld (kindermishandeling) waar ik geen weet van had, maar die wel meteen mijn empatische kant aansprak, inleven en meeleven was onontkoombaar.’
1996 • Carry Slee, Spijt.
‘Alle boeken fan Slee gienen oer tema’s dy’t yn it puberbrein wichtich wienen; seksualiteit en dêrby grinzen oanjaan/opsykje, omgean mei fertriet/ferlies, pestgedrach úterje en ynkasearje, grutte famyljeperikelen sa as siikwêzen fan âlders.’
1996 • Philip Pullman, De Noorderlicht-trilogie.
‘Pullman heeft als geen ander het vermogen om een wereld te scheppen waarin zowel ruimte is voor geopolitieke ontwikkelingen als voor puberaal verzet en gezwijmel, als voor fantasy-elementen. Die ambitie en dat verbeeldingsplezier was voor mij verschrikkelijk aanstekelijk.’
1998 • Per Nilsson, Jij, jij en jij.
‘Perfect voor tieners met te veel gedachten over het leven en de toekomst; ik voelde me door het lezen van dit boek wat minder alleen in mijn worstelingen (en bijzonder intellectueel).’
Hieltyd faker gean der stimmen op om, nei analogy fan de bekende Kijkwijzer, ek in Leeswijzer te yntrodusearjen. Faaks in hiel goed idee, mar it bêste systeem is neffens de redaksje noch altyd: tips fan freonen en famylje krije.