Tekst: Lieke van den Krommenacker | Yllustraasjes: Edward Kobus
Nei de skieding wie Zack syn heit op in dei thúskommen mei in pear bokswanten en in bokssek. It wie syn manier om syn fiifjierrige soan mei emoasjes omgean te learen. Fertrietlik? Bokse. Lilk? Bokse. Fleurich? Bokse. Hjoed, yn de klaaikeamer foar syn earste grutte wedstriid, hie Zack gjin idee mear wêr’t it iene begûn en it oare ophold.
‘Emoasje is ekspresje’, sei syn heit alle dagen wol in kear. Meastal flak foar it iten, as se tegearre oan tafel sieten. Dy sin wie wêr’t hy rotsfêst yn begûn wie te leauwen. En wêr’tst yn leaudest, dat moast werhelje, krekt sa lang oant oaren it ek leauden. Hy ramde wurden yn hollen en, as dat net holp, gatten yn doarren. Guon minsken bidden ta God; syn heit bokste him troch it libben, yn de hoop it kontrolearre de goede kant op te slaan.
Sa learde Zack al jong te fielen troch syn fûsten. Syn drôvige slach wie fan in hiel oar kaliber as wanner’t er der lilk op los beukte of libbenslustich stjitten omheech útdielde. Fia de boksskoalle, dêr’t syn heit him al gau lid fan makke hie, wie er boppedat yn oanrekking kommen mei kickboksen en, letter, mei de fjochtsport dy’t syn hert definityf ferôvere hie: mixed martial arts. No wie Zack fyftjin en koe er as er woe raffinearre de bloedtafier nei immens harsens ôfknipe mei in rear naked choke.
It koaifjochtsjen joech Zack in kick dy’t mei net folle oars, of eins neat oars, te fergelykjen wie. As er klappen krige, transformearre de pimperjende pine ergens binnen yn syn liif – op in plak dêr’t er him, hy koe it net oars ferwurdzje, hiel fielde, in Zack fan de puerste soarte – ta in libbensenerzjy dy’t him sawol fertroud as frjemd wie. De man yn dysels wekker meitsje, neamde syn heit dat. Zack ûnderfûn it earder as it tsjinoerstelde: in sacht mar dúdlik tsjin de wrâld opwoeksen wêzen.
It iennichste dat hjoed telde, hie syn heit him fannemoarn foar de klaaikeamerdoar op it hert drukt, wie: neat fiele. It wie: alle gefoel útskeakelje., oant der allinnich noch koelbloedigens oerbleau. ‘Zack fights back! Witst noch?’ Zack fielde wer hoe’t syn heites greep om syn skouders ferstrakke wie. Hy seach nei syn hannen, se trillen. Hy lange nei de see, nei it stikkenslaan fan de weagen. Hy bylde him syn tsjinstanners yn, doe syn heit, en skaadbokste wat slaggen troch de bedompte klaaikeamerlucht. Aanst, yn de koai, soe it triljen fansels ophâlde.
Sûnt syn mem fuortgien wie, hie Zack syn heit stadich opskowen sjoen yn de rjochting fan it soarte man dat er foaral koe út searys en fan sosjale media. Dizze typen lieten har online opnaaie troch jonge spiersterke sportskoalle-ynfluensers dy’t yn koarte flugge filmkes repten oer manlikens en dominânsje. Taal dy’t ek de sportskoalle ynkrongen wie dêr’t Zack twa kear yn ’e wike trainde om syn spieren op fjochtsport-sterkte te hâlden.
It wie syn heites grutste dream: Zack yn de lanlike MMA-kompetysje krije, sadat er fia in livestream sjenlitte koe wêr’t hy, syn soan út it altyd ûnderskatte Noordbaai ta by steat wie. Modellearre nei de megalomane knokpersoanlikheden fan syn online ynspirators mei har klap-slok-fuort-ideology seach hy yn Zack in fjochter fan ferlossende proporsjes. Ek Zack sels dreamde grut: goed genôch wurde om fan it fjochtsjen libje te kinnen en aardich genôch bliuwe om in foarbyld te wêzen foar jonges lykas hy.
Yn syn jonge jierren hie syn heit in bokser west dêr’t hiel wat fan ferwachte waard. In strjitfjochter, krekt op ’e tiid fan it asfalt plukt en de ring yn lutsen troch in belutsen en opletten buertwurker. Opgroeid yn de ferfallen strjitten fan in Noordbaaiske achterbuert luts er moarns de troch de seewyn tamtearre en ôfblierre griisblauwe foardoar fan it âlderlik hûs ticht, om pas tsjin ’e jûn wer werom te kommen. De tuskenlizzende oeren brocht er net troch op skoalle, mar op it parkearterrein fan de deunby lizzende discount-supermerk.
Syn harsens hiene yn syn koarte mar yntinse bokskarriêre sa folle klappen opfongen dat er op lêst fan de dokter ophâlde moatten hie. As in ferhurde smoker wie er earst gien foar ‘fasearre ôfbouwe’. Fanwegen wikseljend sukses en aloan tanimmende duzeligens hie er by einsluten gûlend syn bokswanten begroeven yn ’e tún en syn lidmaatskip fan ’e boksskoalle opsein. Dat gie in skoftsje goed, oant Zack syn mem derfan oertsjûge rekke dat dizze hoemannichte melodrama mear wat wie foar yn it teäter as yn in houlik. No wie syn heit in gesellichheidsbokser: hy sloech allinnich noch op feestjes.
Op ien fan dy jûnen hie it dûbeld rekke west: one man down en in frou mei nei hûs. Sa hie it yn ’e knop knakte bokstalint in nij bokstalint fuortbrocht. Syn heites folsleine stipe en oanmoediging hiene Zack ûnmiskenber op in spoar set – en dêr wie er tankber foar. De jonge, grutbrocht tusken deselde min isolearre muorren fan in gehoarich rychjeshûs, hie him al ier realisearre: dysels op in spoar sjen te krijen wie de iennichste manier. Woest yn elk gefal net einigje achter de kasse fan de pleatslike discount-supermerk mei betonnen útsicht.
Zack seach nei syn hannen. Hy hearde hoe’t syn namme troch it kompleks galme, de opwining yn de stim fan de omropper. Hy stelde him de fûsten foar fan syn tsjinstanner, doe dy fan syn heit, steviger opkrôle as oait earder. Hieltyd sachter sei er: koelbloedich. En wist neat oars te dwaan as syn hannen ûnder syn kont te skowen en der boppe-op sitten te gean. Miskien, tocht er, as ik hjir lang genôch bliuw, hâldt it fansels op.