Tsjin de stream yn
Neat is minskliker as derby hearre wolle. Binnen in groep falle fielt feilich. Ek in soad jongeren fan no sykje hâldfêst en struktuer. Troch meardere grutte krisissen, digitalisearring en in ûnwisse ekonomy gripe se nei konservative stânpunten. Mar der binne noch altyd (jonge) minsken dy’t it oars – faak ynklusiver en duorsumer – dogge as eardere generaasjes. Dizze non-konformisten, dwerstinkers en rebellen meitsje – tsjin de stream yn – har eigen karren. Bygelyks op it mêd fan wenjen, wurkjen en ûnderwiis.