Ynterview Benny Lindelauf

‘Yn de kearn binne wy allegearre bern oer datum’

Tekst: Marc Knip | Foto’s: Guido Bosua

Benny Lindelauf (Sittard, 1964) lies as bern alles wat los en fêst siet. En as er net lies, lústere er azemleas nei de ferhalen dy’t syn beppe fertelde. It stie al mei al yn de stjerren skreaun dat er skriuwer wurde soe, mar hy wist dat noch in jier as tritich út te stellen. Doe wie de hikke ek fan ’e daam en wilens wûn er mei syn jeugdboeken, dy’t ek troch folwoeksenen opfretten wurde, hast alle tinkbere prizen. Begjin dit jier ferskynde syn earste roman foar folwoeksenen, Het licht tussen onze vingers. It ferhaal begjint mei de op ’e kop yn in beam hingjende rydynstrukteur Walter Bronoet. Wolkom yn it universum fan Benny Lindelauf.

Dyn earste roman foar folwoeksenen. Hoe is dat sa kaam?
‘It wie gjin bewuste stap. De oarsprong leit yn in radiodokumintêre dy’t ik hearde, oer in húshâlding dêr’t de soan fan fermist rekket op wintersport. Tsien jier letter wurdt de jonge weromfûn, perfekt konservearre yn iis. De âlden binne tsien jier âlder wurden, har soan is trettjin bleaun. Ik fûn it in yntrigearjend, luguber gegeven, mar ek poëtysk. It is net letterlik sa yn it boek kommen, mar wol as tema: as in dierbere fermist wurdt, hoe giest dêrmei om? By it betinken út hokker perspektyf ik it ferhaal skriuwe soe, kaam ik út by de heit. Doe wist ik: dit moat in roman foar folwoeksenen wurde. Ik hie it noch noait dien en wie nijsgjirrich: wat betsjut it om foar folwoeksenen te skriuwen?’

En? Wat kaamst tsjin?
‘Foarhinne skreau ik myn ferhalen altyd gewoan op en fertroude derop dat se har wei nei de lêzers fine soene. Het licht tussen onze vingers is de earste roman dy’t ik foar in spesifike doelgroep skreau. Dat bliek fuortdaliks myn falkûle. Ik hie in soad lêst fan de myte fan ‘de roman foar folwoeksenen’, dat fertekene byld fan wat literatuer wêze moat: der moat seks yn, en drugs en rock-‘n-roll, moatst fernimme litte datst in yntellektueel bist. De skriuwer stiet dêrby ek faak op de foargrûn, dêr’t ik net sa fan hâld. Al dy ûnsinnige gedachten sieten my yn ’e wei. As ik in boek skriuw foar bern, tink ik ek net fuortdaliks dat der in kabouter yn moat. Snapst? Uteinlik ha ik tolve jier oan de roman wurke foar’t ik in redakteur ynskeakele. Dat hie ik folle earder dwaan moatte.’

Wat is foar dy it belangrykste tema fan dyn boek?
‘Dat it libben eins altyd yn beweging is. Ast dingen besikest te ferstopjen of fuort te hâlden, dan is it libben der hiel goed yn om dy dat op alderhande manieren merke te litten. Ik soe it fijn fine ast yn dit boek sawol de lichtheid as de tragyk fielst. It ferhaal hat net beslist in happy end, it tema is te grut foar in swiete ein. Mar der is úteinlik beweging, Walter fynt himsels werom en begjint mei it ferwurkjen fan syn fertriet. Ik hoopje dat minsken, hielendal jongfolwoeksenen, dy’t behoarlik wrakselje kinne mei it libben, dat fiele nei it lêzen: dat it libben altyd wer ergens hinne fiert, datst nije rjochtingen fine kinst, nije perspektiven.’

Hast it gefoel dat lêzen dêrby helpe kin?
‘Absolút. It is fansels belangryk datst it juste boek kiest. Ik hâld fan boeken dy’t it libben hielendal oangean, mar ferhalen sûnder lichtheid of hoop fyn ik hiel lestich. Ik fyn it libben al yngewikkeld genôch. En dan kin it seker sa wêze dat in personaazje, of sels in sin, my hoop en treast biede kin. Eins seit sa’n boek dan: ik sjoch dy, ik sjoch dy foar wa’tst bist, ik werken dy.’

Wêrom bist ynearsten begûn mei it skriuwen fan jeugdboeken?
‘Yn it begjin skreau ik fan alles, mar wat ik foar folwoeksenen skreau, krige op de ien as oare wize gjin boaiem. Ik wist net goed wat ik dermei woe. Skriuwe foar bern stie tichter by my. Myn bernetiid is in perioade dy’t noch ticht by my stiet, of yn de wurden fan Annie M.G. Schmidt: “ik bin altyd acht bleaun”. Yn de kearn binne wy úteinlik allegearre bern oer datum. Foar my is it yn elk gefal net dreech om my yn te libjen yn hoe’t it is om bern te wêzen yn in bepaalde situaasje.’

In soad fan dyn jeugdboeken litte har troch har meardere lagen ek goed lêze troch folwoeksenen.
‘Ja, blykber. Ik skriuw yn elk gefal altyd oer wat dat my ynteressearret of oangiet. De vrouw en zijn hoofd is bygelyks útjûn as jeugdboek, mar ik skreau it ferhaal oarspronklik as taspraak, doe’t myn skoanheit ferstoarn wie. Dat wie de oerferzje fan it úteinlike boek, dat skreaun is yn in konsintrearre taal, sûnder drege wurden, mar wol mei dúdlike ideeën derachter. Jonge minsken, seker bern, gean oan de haal mei dy fantasyline, mei it idee fan in frou dy’t mei in holle thúskomt, dat fine se grappich. Folwoeksenen pakke in oare laach, dy fan ferlies en akseptaasje.’

Is der in momint yn dyn libben oan te wizen datst wist, ik wurd skriuwer?
‘Ik wit noch dat wy yn de earste klasse fan de basisskoalle in ferhaaltsje skriuwe moasten en dêrnei foarlêze. Op it stuit dat ik foarlies, kaam der in juf fan in oare klasse binnen om wat op te heljen. Se bleau stean en harke. Ik registrearre dat as belangstelling foar wat ik skreaun hie. It wie de earste kear dat ik fielde datst mei wurden de oandacht fan immen krije kinst. Op de middelbere skoalle hie ik wol fantasyen oer it meitsjen fan ferhalen en dy dan yn de winkel lizzen sjen, mar in definitive beslissing, ast it sa neame meist, kaam op myn tritichste. Ik dûnse en spile yn jeugdteäterfoarstellingen, mar moast dêrmei ophâlde fanwegen it groanysk wurgenssyndroom. Doe tocht ik, as dit net mear giet, dan is it faaks tiid om te begjinnen mei skriuwen. Ik ha fjouwer jier lessen folge yn Amsterdam en op in jûn, op wei nei hûs – ik wenne doe yn Den Bosch – wist ik ynienen: dit is wêrom’t ik op dizze wrâld bin. Fan dat momint ôf neamde ik mysels skriuwer, wylst ik noch gjin boek publisearre hie. Bêst bysûnder, want ik ha kollega’s dy’t harsels noch altyd gjin skriuwer doare te neamen, wylst se al twa romans útbrocht hawwe. Ik sis it ek tsjin myn studinten: do bíst al skriuwer. In boek meitsje is dyn doel, mar yn dyn wêzen bist al skriuwer.’

Hat it skriuwen dy holpen mei de tema’s yn dyn libben?
‘Beslist. Foar my is skriuwen gryp krije. Tusken myn tolfde en myn fiifentweintichste hold ik deiboeken by. Ik ha se noch altyd. Troch ûnder wurden te bringen wat der yn myn libben barde, alledeiske saken dy’t elke puber meimakket, joech ik lucht, of leaver sein soerstof oan de dreamen, twivels en eangsten dy’t ik hie. Letter, doe’t myn ferhalen en boeken it plak ynnamen fan dy deiboeken, die bliken dat gryp krije op it libben noch altyd in belangrike motivaasje is om te skriuwen. Ik ha lang socht nei wa’t ik wie, wat myn kearn is. Ik ha in oplieding ôfrûne ta wolwêzenswurker. Dêrnei folge ik oan de teäterskoalle Amsterdam de oplieding dosint dûnsekspresje. Dêrnei spile en dûnse ik yn ferskillende foarstellingen, mar hieltyd wie der in ûnrêst: wol ik dit écht wol? Uteinlik bliek ik ferhalemakker te wêzen. Jou my trije wurden, freegje my der in ferhaal fan te meitsjen en ik bin los. It is noflik om te witten wa’t ik bin. it jout rêst.’

Benny Lindelauf
Het licht tussen onze vingers
Querido, 2026

Wat as dyn koersfêste libben ynienen ûnbestjoerber blykt? De 55-jierrige rydynstrukteur Walter Bronoet liket syn libben wer wat op ’e rit te hawwen, fiif jier nei de fermissing fan syn soan Toop. Oant er op in dei hast in ûngelok feroarsaket troch in opspyljende spastyske skonk en dêrnei yn in stream bizarre foarfallen terjochte komt.

Lêstips Benny Lindelauf

John E. Sarno – De mind-body connectie

‘Tritich jier lyn feroare myn libben drastysk. Ik krige de diagnoaze M.E., tsjintwurdich ek bekend as CVS, it groanyske wurgenssyndroom. Ik wie algeduerigen útput en probearre jierrenlang om derfan ôf te kommen. Om ’e nocht. Doe lies ik dit boek. En waard better. Foar elkenien mei groanyske, medyske klachten, dêr’t de hjoeddeistige medyske wittenskip (noch) gjin ried mei wit.’

Sarah Winman – Toen God een konijn was

‘Ik hâld bot fan boeken dêr’t tragyk en lichtheid muoiteleas yn mei-inoar ferrane. Dit is sa’n boek. Oer de ûnferbreklike bân tusken in sus en broer. Fierder wit Winman prachtige personaazjes te kreëarjen, dy’t sa fan de pagina rjocht dyn hert yn springe. Te fergelykjen mei it iere wurk fan John Irving.’

Martine Bijl – Rinkeldekink

‘Martine Bijl krige yn 2015 in slimme harsenblieding, wêrnei’t se frijwol alles opnij leare moast. Yn hannen fan in minder bejeftige auteur hie soks al gau in larmoyante draak wurde kinnen. Mar net by Bijl. Har taalfermogen en messkerpe observaasjes waarden net oantaast. It is wrang, bloedearlik, pynlik, soms ûntheisterjend, mar ek op in grimmige wize ûnfoarstelber grappich.’

Ynhâld

1

Redaksjoneel: Groeie yn in netwurk

Op dit stuit is Ljouwert in fêste wearde binnen it wrâldwide netwurk fan Cities of Literature. Wy dogge yn oparbeidzjen…

2

Op reis mei de reade skries

‘Ik bin in famke fan de greide, ik bin grut wurden mei ljippen en skriezen. It like my hiel nijsgjirrich…

3

Dûbelynterview mei twa skriuwsters

In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal. LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida…

4

Bepalende berneboeken

Wêrom’t folwoeksenen (wer) berneboeken lêze moatte Berne- en jeugdliteratuer wurdt noch faak behannele as in opstapke nei it ‘echte’ lêzen.…

5

Fjouwer portretten oer dy ûntwikkelje

In libben lang boartsje Wêr begjinst as skriuwer, en wannear bist eins ‘klear’? Kinst noch groeie yn taal ast al…

6

Strip

Yllustrator: Julia van der Bos

7

Ynterview Benny Lindelauf

‘Yn de kearn binne wy allegearre bern oer datum’ Tekst: Marc Knip | Foto’s: Guido Bosua Benny Lindelauf (Sittard, 1964)…

8

Essay: In samling leeftiden

By it opromjen fan in kastke kom ik in brosjuere út 2021 tsjin fan in opliedingsynstitút mei de titel: ‘Wêr…

9

Tsjin de stream yn

Neat is minskliker as derby hearre wolle. Binnen in groep falle fielt feilich. Ek in soad jongeren fan no sykje…

10

Koart ferhaal: Klappen krije

Zack wist net better as de see wie der. Krekt as de havenearm mei oan ’e ein de replika fan…

11

Noflike lêskafees

Tiid foar in lêsdate It is wer simmer! En wat is der no better foar je fakânsjegefoel as lêze op…

12

Fiif generaasjes dichters

Fan in web fan ferwachting oant de coolste leeftyd Al wurdt troch jonge minsken de heale minskheid útmakke foar ‘boomer’,…