Foarbylden binne Bremen, Edinburgh, Barcelona, Quebec, Heidelberg, Manchester, Melbourne en Tartu. Boppedat koenen wy by de manifestaasjes Utsteld Gelok (2022) en Lyts Gelok (2025) tal fan skriuwers út oare Cities of Literature meidwaan litte. Dêrneist ûntfange wy jierliks auteurs en oersetters út oare stêden, dy’t hjir dan in moanne lang wurkje en bekend reitsje mei de literatuer en kultuer yn Ljouwert-Fryslân.
Dat alles hawwe wy yn goed seis jier berikt. Mar lykas wol faker jildt: alle begjin wie dreech en wy begûnen dit mondiale aventoer hiel wifeljend. Wy wisten doe’t wy de titel fan City of Literature krigen, ein 2019, amper hoe’t it netwurk funksjonearre en hiene, útsein in inkeld fideopetear, noch nea ien fan de oare stêden moete. Nei in pear moanne bruts ek nochris koroana út en dy bysûndere omstannichheden soargen beslist foar in wiffe start.
De earste jiergearkomste dêr’t wy oan dielnimme koenen, wie yn septimber 2020 yn Praag, mar dat waard spitigernôch fanwegen koroana in digitale gearkomste. It heucht my noch goed hoe’t ik in pear dagen achterelkoar ynlogge moast op dy gearkomste, mar eins gjin sikkepit begriep fan wat der sein waard. It netwurk bleau in enigma.
Pas in jier letter, yn septimber 2021, koenen wy foar it earst echt meidwaan oan in gearkomste, yn Reykjavik diskear. Dat wie in regelrjochte gamechanger. De groep bestie út allinnich mar leave en hertlike minsken, mei deselde soargen en fragen dy’t wy as pasjonearre skriuwers, lêzers en taharkers yn Ljouwert hawwe. Se wienen tige behelpsum en foarkommend en oprjocht nijsgjirrich nei it literêre libben hjir en nei ús meartaligens. En Yslân? Hoe kinne se dêr sa’n soad goede boeken produsearje, foar in befolking dy’t in stik lytser is as dy hjir yn Fryslân? It antwurd komt mooglik takom maitiid, as hjir in Yslânske skriuwer-útjouwer in moanne lang ús gast is.
Yn de jierren dy’t folgen fûnen wy echt ús wei yn it netwurk, koenen elkenien hieltyd makliker benaderje en it tal gearwurkingen groeide ek moai. Jierrenlang haw ik yn Nederlân en Flaanderen oan allerhanne (ynter)nasjonale netwurken, bestjoeren, tydskriften en organisaasjes meiwurke, mar nea earder trof ik sa’n aktive en belutsen omjouwing as it hechte netwurk fan Cities of Literature. Wy sille ús as team krêftich ynsetten bliuwe foar de literatuer út Ljouwert-Fryslân, foar de wearden dêr’t UNESCO foar stiet en fertrouwe op in bliuwende ynteraksje tusken ús skriuwers en dy út de oare Cities of Literature.
Bliuw skriuwen, bliuw harkjen, bliuw lêzen, foaral nei de Oar. Dy is meastal net sa ferskriklik grizelich en oars, mar krekt hiel fertroud.
Ernst Bruinsma
direkteur-bestjoerder
Leeuwarden UNESCO City of Literature