Fjouwer portretten oer dy ûntwikkelje

In libben lang boartsje

Wêr begjinst as skriuwer, en wannear bist eins ‘klear’? Kinst noch groeie yn taal ast al folwoeksen bist? En wêr leit eins de basis? Wy fregen it oan dizze fjouwer bekenden yn it fak!

Tekst: Thea van der Schaaf | Foto’s: Natalia Balanina

Linda Tijsma – koördinator en dekaan Skriuwersfakskoalle

‘It skriuwen fan literêre teksten kinst echt op alle leeftiden leare,’ wit Linda Tijsma. ‘Neist jonge minsken binne der ek 70-plussers dy’t no pas lûd doare te jaan oan guon gedachten. Ek sy krije by ús les fan betûfte dosinten, en ûntwikkelje harren sels as skriuwer troch dy gedachten op papier te setten, dêr mei te boartsjen en der wat posityfs út te heljen. Dat heal ferlern waande dreamen ek op lettere leeftiid noch útkomme en dat ik dêr mei myn wurk oan bydrage kin, fyn ik hiel bysûnder.’

As opliedingskoördinator en dekaan fan de Skriuwersfakskoalle sjocht Linda fanút Tresoar dielnimmers út alle hoeken fan de provinsje kommen. ‘Motivearre om wat mei de memmetaal en it skriuwen te dwaan, komme se by ús. Uteinlik draait it faak om it finen fan de eigen stim, de kreativiteit dy’t derút moat, en dat nei in heger nivo te bringen.’ Linda sjocht de Skriuwersfakskoalle dêrom as in skeakel dy’t him beweecht tusken studinten en dosinten, ‘en dêr ûntsteane hiel moaie dingen,’ seit se. ‘It measte sit yn harren sels, wy soargje der as skoalle foar dat it kwaliteit hat.’

Caro Goldenbelt – dosint Meeuw Jonge Schrijvers

‘It fielt as bin ik noch mar krekt begûn. Ik tink net dat it oait klear is,’ jout Caro Goldenbelt as antwurd op de fraach óftst oait klear bist as skriuwer. Se studearre Writing for Performance (HK), skriuwt no jeugdteäter fanút har húske op de dyk en jout les oan jongerein fan 14 oant 18 jier by JTS Meeuw en de Jonge Schrijvers fan Explore the North. 

‘Ik jou les oan de earstejiers. Dy binne as se begjinne faak noch hiel bernlik. Yn myn lessen gean wy djip yn op wat der mei taal bart. Wat doch taal, wat wolst dat dyn tekst docht en komst dêr? Letter sjogge wy nei watst sizze wolst mei dyn wurk en wat dyn stim is. Sjochst de jongeren opgroeien, yn har teksten meitsje se dyselde stappen. Se binne hieltyd minder mei regels dwaande en mear mei boartsjen mei taal en konsept. As se 18 binne, hawwe se al in hiel soad skriuwmeters makke. Dy basis bliuwt belangryk, tink ik, lykas de oanboarre taligens. Ek as se dêrnei wat hiel oars dwaan gean.’

Wini Weidenaar – projektlieder Verhalenavond

‘Us dream is dat wy nije generaasjes klearstome om wer ferhalen doare te fertellen,’ fertelt Wini Weidenaar fan Verhalenavond. Neist de edysjes foar folwoeksenen rjochtet de organisaasje him dêrom ek op bern yn it basisûnderwiis. Learlingen út groep 7 en 8 krije in pear wiken efterinoar in oere les fan NHL-studinten, begelaat troch in kultuercoach fan Kunstkade, om te learen wat it is om ferhalen te dielen. Wini: ‘Oan de ein fan dy rige lessen meie se yn lytse groepkes in ferhaal oer harsels fertelle.’

‘De ûnderfining hoe’t it is om in ferhaal te fertellen, hoe’t in oar lústeret, hoe’t je elkoar fragen stelle kinne sûnder te oardielen, in gesprek hawwe kinne, dat is wat wy mei dit projekt oerbringe wolle en dat slagget fantastysk,’ fertelt Wini. Utleard kinne je dêryn net sa gau wêze, tinkt se. ‘Boartsjen mei taal en it fertellen fan in ferhaal moat ûnderdiel wurde fan dyn wêzen, in libben lang. Hoe jonger ast dêr mei begjinst, hoe lytser de stap wurdt. Dan wurdt de Verhalenavond krekt sa gewoan as in Sinteklaasjûn.’

Mees van Rijswijk – coach by Poetry Circle

‘Skriuwen is boartsjen,’ fynt Mees van Rijswijk fan de Poetry Circle Leeuwarden. ‘Moatst nijsgjirrich bliuwe, krekt sa ast eartiids as bern ek ûnbefongen de wrâld ûntdektest. Ast net oardielest oer gedachten, ast dingen doarst wêze te litten, dan ûntstiet der altyd wat,’ neffens Mees. ‘En moatst net benaud wêze foar mislearringen, ast learen bliuwe wolst,’ giet er fierder. ‘Foar in soad minsken is dat lestich, hielendal foar kreative minsken, mar it is belangryk.’

Mees is coach by de Poetry Circle en sjocht hiel folle ferskillende minsken foarbykommen. ‘Guon hawwe al in soad ûnderfining op in toaniel, in oar hat bygelyks al twa boeken útbrocht, mar der binne der ek by dy’t noch noait wat publisearren of op in poadium stiene. As coach probearje ik in feilige omjouwing te kreëarjen wêryn’t net ien bang is om himsels sjen te litten. Wat dêrby helpt is dat wy al frij flot dingen diele. As dat slagget, dan doarst earder.’ It alderbelangrykste om dy ûntwikkeljen te bliuwen, hoe âld ast ek bist? Mees: ‘It groepsproses, nijsgjirrich bliuwe nei elkoar. Pas dan wurdst echt fan dyn buro nei de wrâld lutsen.’

Ynhâld

1

Redaksjoneel: Groeie yn in netwurk

Op dit stuit is Ljouwert in fêste wearde binnen it wrâldwide netwurk fan Cities of Literature. Wy dogge yn oparbeidzjen…

2

Op reis mei de reade skries

‘Ik bin in famke fan de greide, ik bin grut wurden mei ljippen en skriezen. It like my hiel nijsgjirrich…

3

Dûbelynterview mei twa skriuwsters

In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal. LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida…

4

Bepalende berneboeken

Wêrom’t folwoeksenen (wer) berneboeken lêze moatte Berne- en jeugdliteratuer wurdt noch faak behannele as in opstapke nei it ‘echte’ lêzen.…

5

Fjouwer portretten oer dy ûntwikkelje

In libben lang boartsje Wêr begjinst as skriuwer, en wannear bist eins ‘klear’? Kinst noch groeie yn taal ast al…

6

Strip

Yllustrator: Julia van der Bos

7

Ynterview Benny Lindelauf

‘Yn de kearn binne wy allegearre bern oer datum’ Tekst: Marc Knip | Foto’s: Guido Bosua Benny Lindelauf (Sittard, 1964)…

8

Essay: In samling leeftiden

By it opromjen fan in kastke kom ik in brosjuere út 2021 tsjin fan in opliedingsynstitút mei de titel: ‘Wêr…

9

Tsjin de stream yn

Neat is minskliker as derby hearre wolle. Binnen in groep falle fielt feilich. Ek in soad jongeren fan no sykje…

10

Koart ferhaal: Klappen krije

Zack wist net better as de see wie der. Krekt as de havenearm mei oan ’e ein de replika fan…

11

Noflike lêskafees

Tiid foar in lêsdate It is wer simmer! En wat is der no better foar je fakânsjegefoel as lêze op…

12

Fiif generaasjes dichters

Fan in web fan ferwachting oant de coolste leeftyd Al wurdt troch jonge minsken de heale minskheid útmakke foar ‘boomer’,…