Essay: In samling leeftiden

By it opromjen fan in kastke kom ik in brosjuere út 2021 tsjin fan in opliedingsynstitút mei de titel: ‘Wêr groeisto hinne?’ Op it omslach stiet in frou dy’t oer in drekkige sleat ljept, har gesicht strielet. De brosjuere azemet de bekende groeimytes – groei as wat lineêrs, fitaals, eat dat nei in oerwinning fiert.

Tekst: Myrte Marije Veenbaas

Troch it feit dat dy brosjuere it al die jierren yn myn kast oerlibbe hat, realisearje ik my hoe’t myn hâlding oangeande groei feroare is. In pear wiken lyn stjoerde in sân jier âldere freondinne my in kaartsje: ‘Myrte, wat bisto groeid de ôfrûne tiid. De lêste kear dat we elkoar seagen bleau myn soarchsume-âldere-suster-alarm stil. Foar it earst yn de 22 jier dat we elkoar kenne.’

Se doelt op it ôfrûne healjier: in perioade fan djippe rou. Us mem ferstoar begjin oktober 2025, nei in syktebêd fan mar in moanne.

Ik sjoch mysels noch de trein yn stappen yn septimber 2025 – inkelde reis fan it Fryske plattelân nei it Erasmus Sikehûs Rotterdam. Myn skriuwtiid yn it arkje fan Rink van der Velde soe ik net ôfmeitsje, nei dat ferskriklike telefoantsje. Ik smiet de fyts yn ’e trein tsjin trije oare fytsen oan.

‘Der meie maksimaal trije fytsen stean,’ sei de kondukteur.
‘Us mem hat útsiedde kanker en ik moat der nó hinne,’ snaude ik.
Ik woe de middelfinger opstekke nei elkenien dy’t my yn it paad stie, as in puber fan fyftjin.

Yn de moannen dêrnei begûn ik mysels hieltyd faker te sjen as in samling fan leeftiden.

De jûns nei ús mem har ferstjerren lei ik yn foetushâlding op bêd, myn eks neist my. Ik koe net mear prate. In healjier nei ús turbulinte relaasjebreuk besleat er alles oan ’e kant te setten om my te stypjen. Hy wist dat er my net allinne litte mocht, no’t ik weromgien wie nei in prenatale faze.

De wiken derfoar hie ik faker as ien kear stampend roppen dat ik ek net mear libje woe. As in bern fan fiif, sûnder mem har rie te’n ein.

Mar der wie mear. ‘Wat der ek bart, ik kin dit drage. Ik bin folwoeksen, mem,’ hie ik sein doe’t ús mem sei dat se te betiid gong foar my. Ik hold har meagere hân beet. It wie foar it earst dat ik, hast 40, my écht in folwoeksen frou fielde. Dat gefoel soe bliuwe.

Ik rin nei de brede sleat achter it âlderlik hûs. Ik fuorre dêr de eintsjes mei ús mem, winterdeis ried ik deroerhinne mei klasgenoatsjes as wy iisfrij hiene.

Ik lis op it liif yn it gers. Yn it tsjustere wetter sjoch ik mysels, in skodzjende en wâljende frou. Ik rik nei har. Sa soe ik de foto fan de brosjuere graach sjen:
Ik pak har hân, sy mines.

Oer Myrte Marije Veenbaas

Myrte Marije Veenbaas (1986) is dichter, skriuwer en einredakteur fan Ensafh, dêr’t se ek geregeld foar publisearret. Se debutearre yn 2024 mei ûnder oaren fersen oer (yntergeneraasjoneel) trauma en famyljeskiednis. Yn 2025 wûn sy de Gjalp mei in gedicht oer har pake. Yn de hjerst fan 2025 ferlear sy har mem nei it syktebêd fan mar ien moanne. Hjirnei krige sy in fêste rubryk yn de Moanne oer rou. Yn har wurk rinne lichem en lânskip, ferline en heden, hieltyd yn inoar oer. Genedeleaze earlikens, ûngemak en tearens besteane njonken elkoar. Har styl is byldzjend, rau en yntym.

Ynhâld

1

Redaksjoneel: Groeie yn in netwurk

Op dit stuit is Ljouwert in fêste wearde binnen it wrâldwide netwurk fan Cities of Literature. Wy dogge yn oparbeidzjen…

2

Op reis mei de reade skries

‘Ik bin in famke fan de greide, ik bin grut wurden mei ljippen en skriezen. It like my hiel nijsgjirrich…

3

Dûbelynterview mei twa skriuwsters

In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal. LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida…

4

Bepalende berneboeken

Wêrom’t folwoeksenen (wer) berneboeken lêze moatte Berne- en jeugdliteratuer wurdt noch faak behannele as in opstapke nei it ‘echte’ lêzen.…

5

Fjouwer portretten oer dy ûntwikkelje

In libben lang boartsje Wêr begjinst as skriuwer, en wannear bist eins ‘klear’? Kinst noch groeie yn taal ast al…

6

Strip

Yllustrator: Julia van der Bos

7

Ynterview Benny Lindelauf

‘Yn de kearn binne wy allegearre bern oer datum’ Tekst: Marc Knip | Foto’s: Guido Bosua Benny Lindelauf (Sittard, 1964)…

8

Essay: In samling leeftiden

By it opromjen fan in kastke kom ik in brosjuere út 2021 tsjin fan in opliedingsynstitút mei de titel: ‘Wêr…

9

Tsjin de stream yn

Neat is minskliker as derby hearre wolle. Binnen in groep falle fielt feilich. Ek in soad jongeren fan no sykje…

10

Koart ferhaal: Klappen krije

Zack wist net better as de see wie der. Krekt as de havenearm mei oan ’e ein de replika fan…

11

Noflike lêskafees

Tiid foar in lêsdate It is wer simmer! En wat is der no better foar je fakânsjegefoel as lêze op…

12

Fiif generaasjes dichters

Fan in web fan ferwachting oant de coolste leeftyd Al wurdt troch jonge minsken de heale minskheid útmakke foar ‘boomer’,…