Mear as 5.700 learlingen yn de ûnderbou fan fjirtich skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân sille seis wiken lang oan ‘e slach mei it boek ‘Kening fan de cross’. De learlingen sille opdrachten meitsje by dat boek yn it ramt fan it projekt LêsNo!. It is de njoggende edysje fan it ynnovative lêsbefoarderingsprojekt foar jongeren yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.
Gertrud Palstra, fertelt út namme fan de projektgroep: “We besykje mei it ûnderwerp fan it boek, de filmkes en de opdrachten sa goed mooglik oan te sluten by de jongerein en dosinten. Dat is de krêft fan dit lêsbefoarderingsprojekt. Dat slagget hieltyd better en we binnen dan ek bliid dat er dit jier safolle dielnimmers binne.”
Autocross, leafde en ferried
Twahûndert learlingen fan de ûnderbou fan it Marne College yn Boalstert krigen woansdei by de ôftraap fan de 9e edysje fan LêsNo! it boek ‘Kening fan de cross’. Freddie Scheltema, skriuwer fan it boek, hopet dat it de jongerein oanset ta lêzen: “It giet oer autocross, mar ek oer leafde, freonskip en ferried. It moat de bern stimulearje om wat faker in boek te pakken en wat minder op TikTok en Snapchat te sitten, al wit ik dat ik dy striid mei in sosjaal medium ferlieze sil”.
LêsNo! is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, FERS en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo! gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen. Lês alles oer it projekt én it aktuele oanbod op www.lesno.nl.