Mei de Nationale Voorleesdagen is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier.

Yn de biblioteken yn Fryslân leit der foar alle pjutten in fergees nij Tomke-boekje klear fan Reina&Greetje. En bern dy’t lid wurde fan de biblioteek (ék fergees!) krije dêr dan noch in knuffeltsje by.

It printeboek fan it jier dat mei de Nationale Voorleesdagen sintraal stiet is Help! Een verrassing! fan Miriam Bos.

Alle berne-opfanglokaasjes yn Fryslân krije fan de Afûk in lesbrief tastjoerd mei dêryn in Fryske oersetting fan it boek en suggestjes foar aktiviteiten om it printeboek hinne.

Yn dbieb wurde mei de Nationale Voorleesdagen ferskate aktiviteiten organisearre.

Nei de webside →