Hâldsto fan skriuwen? En wolsto dyn talint fierder ûntwikkelje? Yn dizze Nederlânsktalige kursus ûntwikkelest dyn kreativiteit en learst de basisprinsipes: it ynsetten fan dyn sintugen, tinzen, gefoelens en assosjaasjes en dyn waarnimmingsfermogen. En hiel wichtich: do dochst in soad skriuwûnderfining op!
Yn ‘e kursus Schrijftraining A ûntwikkelst in skriuwritme troch te observearjen, te lêzen en foaral troch in hiel soad te skriuwen. It giet net sasear om de útwurking yn de ferskate sjenres, mar benammen om it eksperimint, om de oefening, om lêzen te learen watst skriuwst.
De lessen wurde jûn troch Arjan Hut, Dichter fan Fryslân en dosint oan de Schrijversvakschool en de Skriuwersfakskoalle.
Doch mei en jou dy op
Doch mei en ûntdek oft de Schrijversvakschool wat foar dy is. De kursus bestiet út 12 lessen en kostet 595 euro. Leden fan dbieb krije in koarting fan 50 euro. Jou dy hjir op. Krúsje it fakje oan op it formulier foar de ledekoarting. Fragen kinst maile nei kantoor@svsgroningen.nl.
Sjoch foar Frysktalich oanbod fan de Schrijversvakschool by de Skriuwersfakskoalle.
Nei de webside →
