Yn in goede kollum wurdt it persoanlike ferbûn mei gruttere maatskiplike kwestjes. Troch de gedachtegong fan de skriuwer te folgjen leare wy him of har better kennen. Krekt as by poëzy is de krêft derfan dat mei in pear rake pinnestreken alles sein wurdt.

Yn dizze (Nederlânsktalige) kursus fan de Schrijversvakschool learst hoe’tst sels sa’n goede kollum skriuwst. Hoe seist in soad mei net folle wurden? Mei hokker stim skriuwst dat op? En wat hast krekt te fertellen?

Troch oefeningen giest djipper yn op struktuer, styl, perspektyf en suggestyf skriuwen. Do learst klisjees te mijen en de spanning fêst te hâlden. Lêst kollums fan publisearre auteurs om it sjenre te ferkennen. Feedback fan dosint en mei-kursisten biede in breder sicht op dyn eigen tematyk. Oan de ein fan de kursus hast in pear kollums ôfrûne.

De kursus kostet € 575. Leden fan dbieb krije in koarting fan 30 euro. Kinst dy opjaan fia schrijversvakschool.nl. Jou op it formulier oan datst lid bist fan dbieb en ûntfang ledekoarting. Fragen kinst maile nei kantoor@svsgroningen.nl.

Frysktalich oanbod Skriuwersfakskoalle
Sjoch foar Frysktalich oanbod fan de Skriuwersfakskoalle by de Skriuwersfakskoalle.

Nei de webside →