It literêre essay balansearret tusken fiksje en non-fiksje. It essay kin gean oer elk ûnderwerp en is as in kuier sûnder kaart: in syktocht, mei de fassinaasje fan de skriuwer as gids. Omwegen en sydpaden binne diel fan de rûte. Essinsjeel is it ûntdekken fan wat de skriuwer – en dêrnei ek de lêzer – rekket, yn tema, styl, wurkwize en/of perspektyf.
Yn dit lesblok komst yn ‘e kunde mei it essay yn in soad ferskiningsfoarmen. Do lêst en skriuwst sels dyn earste ûndersykjende stikken oer in ûnderwerp datst sels keazen hast. Op dit nivo skriuwst koarte teksten om dysels te trainen yn it werkennen fan in ûnderwerp en it finen fan dwersferbannen.
Dit fak is in ferfolch op de Schrijftrainingen dy’t troch de Schrijversvakschool organisearre wurde. Do kriuwst essays, lêst ûndersykjende teksten en wreidest dyn arsenaal út. De ûnderfining leart datst de feardichheden dy’tst opdochst by Essay 1, ynsette kinst by elk oar literêr sjenre.
It lesblok Essay 1 wurdt jûn troch Doeke Sijens, skriuwer en dosint oan de Schrijversvakschool en de Skriuwersfakskoalle. De kursus kostet € 550. Leden fan dbieb krije in koarting fan € 30. Kinst dy opjaan fia de Schrijversvakschool Groningen. Jou op it formulier oan datst lid bist fan dbieb en krij ledekoarting. Fragen kinst maile nei kantoor@svsgroningen.nl.
Essay 1 bestiet út 10 lessen, op freedtemiddeis fan 14.00 oant 17.00 oere. Lesdata binne 25 septimber; 2, 9 en 23 oktober; 6, 13 en 20 novimber; 4, 11 en 18 desimber.
NB dit fak wurdt yn it Nederlânsk jûn – sjoch foar Frysktalich oanbod fan de Schrijversvakschool by de Skriuwersfakskoalle.
Nei de webside →