Skriuwkursussen yn Fryslân - Leeuwarden City of Literature

Wolst mear dwaan mei it skriuwen en dy dêr yn ûntwikkelje? Mooglik wolst dy talizze op in spesifyk sjenre, sikest in oplieding of in koarte kursus.

Op dizze side jouwe wy mear ynformaasje oer de Skriuwersfakskoalle dêr’t wy by belutsen binne, mar ek oer opliedingen en kursussen fan oare oanbieders yn Fryslân.

Ek dyn oanbod hjir op dizze webside? Mail nei info@leeuwardencityofliterature.nl.

Skriuwersfakskoalle

Troch Tresoar, Skriuwersfakskoalle en CoL

Dyn literêre talint ûntwikkelje en dêrby it Frysk as skriuwtaal brûke? Wolkom by de Skriuwersfakskoalle, mei lessen yn Ljouwert.

Schrijversvakschool

Troch Schrijversvakschool Groningen

Dyn literaire talint ûntwikkelje en dêrby it Nederlânsk as skriuwtaal brûke? Kom nei de Schrijversvakschool, mei lessen yn û.o. Ljouwert.

Skriuw dyn libbensferhaal

Troch Marga Claus

Wurkje yn in lytse groep oan dyn eigen libbensferhaal.

Jonge Schrijvers

Troch Meeuw JTS en Explore the North

Bist tusken de 14 en de 18 jier âld en skriuwst graach ferhalen, gedichten of sels in teater- of toanieltekst?

Skriuw dyn earste ienakter


Troch Tresoar, Tryater, Keunstwurk en St.U.F.T.

As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en hokker skriuwtechniken ast dêrby tapast.

Skriuw dyn earste jûnsfoljende stik


Troch Tresoar, Tryater, Keunstwurk en St.U.F.T.

In ferfolch op it skriuwen fan dyn earste ienakter, mei mear omtinken foar it ferdjipjen fan it tema, it ûntwikkeljen fan de personaazjes, ens.

Kursussen, workshops en yndividuele lessen


Troch Ingeborg Hoogsteen

Ingeborg leart, ynspirearret, motivearret en aktivearret dy om dyn ferhaal wurden te jaan fia leechdrompelige skriuwkursussen, workshops, yndividuele skriuwbegelieding, trainingen en skriuwfakânsjes.