Op 14 july 2023 is de tredde edysje ferskynd fan ús magazine LETTER, as simmerske lêsbylage by Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. Yn dizze útjefte ferbine wy de global goals – dêr’t wy as UNESCO-organisaasje mei ferbûn binne – mei lêzen en literatuer.
Lêze oer lêzen
Yn 2023 besteegje wy in soad omtinken oan lêsbefoardering, ûnder oare troch de start fan it Fries Leesoffensief, dêr’t Ljouwert UNESCO City of Literature partner fan is. LETTER is op himsels al makke om it lêzen te stimulearjen – troch de artikels en ferhalen yn it blêd sels en troch de boeketips – mar besjocht dat ek ynhâldlik. Wy wolle it net allinnich oer (it nut fan) lêzen hawwe, mar foaral sjen litte wat it lêzen mei dy docht en lêsynspiraasje biede. Dat dogge wy ûnder oare mei ynterviews mei Akke Visser en Marije Wilmink fan De Culturele Apotheek, skriuwer Daan Remmerts de Vries en radiomakker Eva Koreman. Yn dizze LETTER ek lêzersportretten, in koart ferhaal fan Sanne van Balen, in stripferhaal fan Sanne Rosa Knijpstra, boeketips en in literêre aginda.
Eardere edysjes
De titel fan it blêd ferwiist yn it Nederlânsk nei it lêzen en yn it Frysk nei de takomst. Yn it tydskrift binne de global goals (wrâlddoelen foar duorsume ûntwikkeling, dêr’t wy ús as UNESCO-organisaasje foar ynsette) keppele oan literatuer en lêzen. Yn de edysje fan 2021 lei de klam op duorsumens en natuer. De edysje fan 2022 rjochte him op lok en it gelyk wêzen.
Wêr te finen?
LETTER is op freed 14 july ferskynd as bylage by de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad. Fan 20 july ôf is it tydskrift ek op te heljen by boekhannels en bibleteken yn Fryslân. In grut part fan de artikels komt ek op ús webside te stean, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk.