Nim in boek, in kleedsje en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ op sneon 27 maaie fan 13:00 oant 16:30 oere yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature.
13:00-14:00 boeken op resept troch De Culturele Apotheek
14:00-15:30 lêze
15:30-16:30 boeken op resept troch De Culturele Apotheek
Nim de yngong neist Historisch Centrum Leeuwarden
Page Against the Machine is in ynternasjonaal barren dat lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt, om mei-inoar te genietsjen fan it lêzen. It inisjatyf komt fan Norwich UNESCO City of Literature. Ek Iowa City (US), Slemani (Irak), Dunedin (Nij Seelân), Exeter (UK), Melbourne (Australië) en Tartu (Estlân) dogge mei.
Witst net krekt watst lêze wolst? De Culturele Apotheek is der ek wer by foar boeken op resept! Tusken 13:00 en 14:00 en 15:30 en 16:00 oere kinst by harren telâne. It boek dat sy dy foarskriuwe kinst fuort keapje by de boekwinkel van de Afûk, boekhannel Van der Velde, berneboekwinkel De Toverlantaarn of liene by Tresoar of dbieb!
Kinst der net by wêze? Sykje dan dyn favorite plak om te lêzen – thús of earne oars – en doch online mei! Meitsje in foto fan dyn boek en lêsplak en diel dy mei ús op sosjale media mei #PageAgainsttheMachine, #Cityofliterature en #Leeuwardenliterature – en dan gau de telefoan wer oan ’e kant!
Programmearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Norwich UNESCO City of Literature en The Book Hive. Stipe troch it Cities of Literature-netwurk.
Wêrom Page Against the Machine? Lês hjir it ynterview mei Joe Hedinger, ferkeaper fan boeken by The Book Hive yn Norwich UNESCO City of Literature.
Foto: Mirjan van der Meer