Alle seizoenen bringt Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei in dichter, byldzjend keunstner en boekhannels in poëtyske boekelizzer út. Op de boekelizzer fynst alle seizoenen fan it jier in nij skreaun Frysk gedicht op en ek in nije yllustraasje.

De earste boekelizzer is makke foar de maitiid fan 2023, mei it byldzjend wurk Zwanenjongen fan Janine van Zeeland en it gedicht Primavera fan Syds Wiersma.

Wa’t in boek keapet by ûndersteande boekhannels, krijt de boekelizzer der fergees op ta:
alle winkels fan Van der Velde Boeken yn Fryslân, Boekhandel Muizelaar Koudum, Het Boekhuis Boalsert, Het Boekhuis Warkum, Boekhandel Planteyn de Gordyk, Boekhandel Burgum, Kinderboekwinkel De Toverlantaarn, Bruna Grou, Boekhandel Friso Akkrum, Bruna Surhústerfean, Bruna Snits, Bruna Kollum, Boekhandel IJlstra Drachten, Bruna Stiens, Bruna Easterwâlde en de boekhannel fan de Afûk yn Ljouwert.

byldzjend wurk: Janine van Zeeland