Boekelizzer maitiid 2023 - Leeuwarden City of Literature

PRIMAVERA


it boazet oan
grime fynt ús lippen faker

hynste-iis, mearkewyt
fjoer út ’e izers slein
it waard in plechtich folksgebed:
dat Jûkelburd einlings wer ris
in fette H boppe Oslo set
en froastwyn knapt út ’e oast

en dan is it maitiid
en brekt der in aai
it ljocht hipt tefoarskyn
mar wêrút?
in kwakkeljende minskegeast
swiere fuotleast
oer earste fingereintsjes blêd

primavera hell of a job
gleonste simmer yn ’e knop

Frysk gedicht en Nederlânske oersetting: Syds Wiersma

Yn it deistich libben filmargivaris, is foar Syds Wiersma (1963) de poëzij syn kreative ferwurking fan de bylden dy’t alle dagen oan him foarbylûke. Nei syn earste dichtbondel Alles wat ik net betinke woe (1992) en in time out fan 25 jier, binne der de lêste jierren fjouwer dichtbondels fan him ferskynd: Raffelwjok (2016), de twatalige bondel Twintig liefdes een Saudade /Tweintich leafdes in Saudade (2017), Lân sûnder ljurk (2019) en Skaadhûn (2022).

Ingelske oersetting: Michele Hutchison

Michele Hutchison (1972) is literêr oersetter út it Nederlânsk en it Frânsk nei it Ingelsk. Se sette mear as fjirtich boeken oer út it Nederlânsk en ien út it Frânsk. Se ûntfong yn 2019 de Vondel Vertaalprijs en wûn yn 2020 foar The Discomfort of Evening, har oersetting fan de roman fan Marieke Lucas Rijneveld, de International Booker Prize. Michele is ek bekend mei de Fryske literatuer, as ien fan de oersetters fan Swallows and Floating Horses.
An Anthology of Frisian Literature.

Byld: Janine van Zeeland

Janine van Zeeland (1956) begûn nei in karriêre as hbo-dosint byldzjende fakken en keunstskiednis mei skilderjen yn har eigen atelier, yn de greiden fan Noardeast Fryslân. Greide- en buorkerijbisten binne foar har in ûnútputlike ynspiraasjeboarne. Allinnich of yn ynteraksje mei-inoar, yn ûnferwachte hâldingen of kombinaasjes en altyd yn de rêst en de wiidsheid fan it polderlânskip. Mei dichter Eppie Dam makke se yn 2021 it boek Een dier is ook maar een mens, wêrby’t hy gedichten makke by 42 wurken fan Janine. Sy skilderet benammen mei oaljeferve op doek.