Poëtyske boekelizzers - Leeuwarden City of Literature

Alle seizoenen bringe wy yn gearwurking mei in dichter, byldzjend keunstner en boekhannels in poëtyske boekelizzer út. Dêr fynst alle seizoenen fan it jier in nij skreaun Frysk gedicht op en ek in nije yllustraasje.

Foar alle boekelizzers krijt hieltyd in oare dichter in skriuwopdracht. Ek wurde alle gedichten oerset yn it Nederlânsk en Ingelsk. Per kalinderjier freegje wy in byldzjend keunstner of yllustrator om it byld te meitsjen. Hjirtroch passe de fjouwer boekelizzers yn it jier byinoar. Je sammelje se troch in boek te keapjen by in fêstiging fan Van der Velde Boeken yn Fryslân of by in oare gruttere boekhannel yn ús provinsje. De gedichten ferskine – yn de trije talen – hieltyd op dizze webside.

2024

Hiele jier: yllustraasjes fan Michiel Kloppenburg
Maitiid: gedicht troch Arjan Hut (Fries), oerset troch Jantsje Post (Nederlânsk) en David Colmer (Ingelsk)
Simmer: gedicht troch Marrit Jellema (Nederlânsk), oerset troch Arjan Hut (Frysk) en Preston Losack (Ingelsk)

2023 

Hiele jier: byldzjend wurk fan Janine van Zeeland
Maitiid: gedicht troch Syds Wiersma (Frysk/Nederlânsk), oerset troch Michele Hutchison (Ingelsk)
Simmer: gedicht troch Iris Dicke (Nederlânsk), oerset troch Syds Wiersma (Frysk) en David McKay (Ingelsk)
Hjerst: gedicht troch Melvin van Eldik (Liwwadders/Nederlânsk), oerset troch David McKay (Ingelsk)
Winter: gedicht troch Lara Kool (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk)

Wêr te krijen?

De boekelizzers binne te krijen by:
Alle winkels fan Van der Velde Boeken yn Fryslân, Boekhandel Muizelaar Koudum, Het Boekhuis Boalsert, Het Boekhuis Warkum, Boekhandel Planteyn de Gordyk, Boekhandel Burgum, Kinderboekwinkel De Toverlantaarn, Bruna Grou, Boekhandel Friso Akkrum, Bruna Surhústerfean, Bruna Snits, Bruna Kollum, Boekhandel IJlstra Drachten, Bruna Easterwâlde en by de boekhannel fan de Afûk yn Ljouwert.

 
Boekelizzer simmer 2024
Boekelizzer maitiid 2024
Boekelizzer winter 2023
Boekelizzer hjerst 2023
Boekelizzer simmer 2023
Boekelizzer maitiid 2023