Boekelizzer maitiid 2024 - Leeuwarden City of Literature

de sinne wie 
yn myn dream 
fannacht

wreed

hoe’t men
op it bleke ljocht
fereale wurde kin

Frysk fers: Arjan Hut 

Arjan Hut (Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en publisearre yn 2004 syn earste dichtbondel ‘Nachtswimmers’. Hy wie yn 2005 -2006 stedsdichter fan Ljouwert, yn 2019 -2020 Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen en is de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân. Hut is redakteur fan tydskrift de Moanne en jout poësieles oan de Skriuwersfakskoalle. Syn meast resinte, sechsde dichtbondel, ferskynde yn 2023 ûnder de titel ‘Ien tel de ierde stil’.

Nederlânske oersetting: Jantsje Post 

Jantsje Post (Harns, 1963) skriuwt en dicht yn it Frysk en wurket as oersetter. Se makket ûnder mear literêre oersettingen út it Dútsk wei (lykas ‘De strijd om Sergeant Grisja’ fan Arnold Zweig en ‘Het achtste leven (foar Brilka)’ fan Nino Haratischwili) en fan en nei it Frysk. Sa makke se de Fryske oersetting fan ‘De spion’ fan Paulo Coelho en de Nederlânske oersetting fan ‘Oar plak oare tiid’ fan Jetske Bilker.

Ingelske oersetting: David Colmer 

David Colmer (Adelaide, 1960) set romans, poëzy en berneliteratuer oer en is de Ingelske oersetter fan ûnder oaren Adriaan van Dis, Gerbrand Bakker, Dimitri Verhulst en Arthur Japin. Colmer fertaalde poëzy fan ûnder oaren Hugo Claus, Anna Enquist, Cees Nooteboom en Ramsey Nasr. Berneboeken dy’t Colmer ûnder hannen naam binne û.o. fan Annie M.G. Schmidt en Paul van Loon.

Yllústraasje: Michiel Kloppenburg

Michiel Kloppenburg (1984) is freelance yllustrator en animator en wennet yn Jelsum. Syn styl kin omskreaun wurde as kleurryk, boartlik en minimalistysk. Michiel wurket graach oan projekten dy’t te krijen hawwe mei duorsumens en natuer. Hy is mei-oprjochter fan Motiontales, in animaasjestudio dy’t komplekse ynformaasje begryplik makket mei animaasje en motion design. Ek is er mei-oprjochter fan Level Up Coworking, in coworking space yn Ljouwert foar kreative freelancers.