Boekelizzer simmer 2023 - Leeuwarden City of Literature

SEIZOENWIKSEL

Do seist waarmte is foar altyd
as wy lizze yn it gers
dat net langer as de grûn
fan ús tún fielt

Dochs haw ik kâlde dagen yn ’t ûnthâld
wurden as gewearskotten
hagel op drûchleine iisbanen
pake op redens, pake yn in kiste

Dochs heuge my ferhúsdoazen 
foto’s yn in list dy’t krekt sa lilk wie
as de sykte dêr’t oanbelangjenden
oan ferstoarn wiene

Mar sels as fertriet syn wei fynt
wurdt it simmer, seisto

Is waarmte foar altyd
ek al is de hûd net taastber

Nederlânsk gedicht: Iris Dicke

Iris Dicke (Ljouwert, 2005) folget sûnt 2018 skriuwlessen by de Jonge Skriuwers fan Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers. Dêr  skreau se ûnder oaren teksten foar Oerol (2020/2022), Toen Rijst Nog Jong Was (2021) en Het Arrivacomplot (2022). Yn maaie 2022 makke se har debút mei de solofoarstelling Lieve Helena en yn juny dat jier ferskynde Toiletgebouwroutine (yn it ramt fan BROEI). Iris folge oant febrewaris 2023 les op jeugdteaterskoalle Meeuw en spile yn ferskate produksjes. Op dit stuit is se dwaande mei har twadde solofoarstelling mei de namme Gepiekt op de middelbare school, yn it talinteûntwikkelingstrajekt Tweespraak fan Kultuer Kollektyf. Yn septimber 2023 begjint Iris yn it earste jier fan de toanielskoalle yn Arnhim.

Fryske oersetting: Syds Wiersma

Yn it deistich libben filmargivaris, is foar Syds Wiersma (1963) de poëzij syn kreative ferwurking fan de bylden dy’t alle dagen oan him foarbylûke. Nei syn earste dichtbondel Alles wat ik net betinke woe (1992) en in time out fan 25 jier, binne der de lêste jierren fjouwer dichtbondels fan him ferskynd: Raffelwjok (2016), de twatalige bondel Twintig liefdes een Saudade /Tweintich leafdes in Saudade (2017), Lân sûnder ljurk (2019) en Skaadhûn (2022).

Ingelske oersetting: David McKay

David McKay is in priiswinnende oersetter fan it Nederlânsk nei it Ingelsk en hat ek meiwurke oan in blomlêzing fan de Fryske literatuer. Hy is ûnder oare bekend om syn oersettingen fan Stefan Hertmans en fan klassike Nederlânske auteurs as Multatuli (mei Ina Rilke), J. Slauerhoff en Anton de Kom. Syn oersetting fan it toanielstik The Wetsuitman fan Freek Mariën is ferskate kearen opfierd yn Ingelân en Amearika en is in Eurodram-seleksje foar 2023. Hy is op it stuit dwaande mei it oersetten fan De herinnerde soldaat  fan Anjet Daanje.

Byld: Janine van Zeeland

Janine van Zeeland (1956) begûn nei in karriêre as hbo-dosint byldzjende fakken en keunstskiednis mei skilderjen yn har eigen atelier, yn de greiden fan Noardeast Fryslân. Greide- en buorkerijbisten binne foar har in ûnútputlike ynspiraasjeboarne. Allinnich of yn ynteraksje mei-inoar, yn ûnferwachte hâldingen of kombinaasjes en altyd yn de rêst en de wiidsheid fan it polderlânskip. Mei dichter Eppie Dam makke se yn 2021 it boek Een dier is ook maar een mens, wêrby’t hy gedichten makke by 42 wurken fan Janine. Sy skilderet benammen mei oaljeferve op doek.