AFSKEID
Tussen eb en floëd lees ik myn
levensfaktuur in ut golfribbelende sand.
De woarden wurde snel wist deur de
hongereche noait te beteugele see.
Gedachtegangen, toekomstbeelden
herinneringen beride de silveren koppen.
Komme en gaan, slaan stukken in ’e
branding, ferdwine wearloas in ut niets.
Ik sie golven sterve in ’e skoat der
ontydlekhyd glyk oans heengaan
niet selden donderslagend wreed.
Nederlânsk gedicht en Liwwadder oersetting: Melvin van Eldik
Melvin van Eldik (1954) is fan oarsprong muzikant, dy’t as bassist û.m. spile yn de blues/jazz-formaasje French Connection. Op de Nasjonale Gedichtedei yn 2004 wûn Melvin in oersetwedstriid fan de LC en Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden. It smakke nei mear en sûnt dy tiid skreau er al hiel wat lietteksten en gedichten yn stedsdialekt Liwwadders. Hy organisearret poëzyjûnen (û.o. Poëzie in de Bres, sûnt 2007 ), jout workshops en treedt op by poetry slams. Neist eigen wurk skriuwt Melvin geregeld lieten en gedichten yn opdracht. Melvin is oansletten by Dichter bij Leeuwarden.
Ingelske oersetting: David McKay
David McKay is in priiswinnende oersetter fan it Nederlânsk nei it Ingelsk en hat ek meiwurke oan in blomlêzing fan de Fryske literatuer. Hy is ûnder oare bekend om syn oersettingen fan Stefan Hertmans en fan klassike Nederlânske auteurs as Multatuli (mei Ina Rilke), J. Slauerhoff en Anton de Kom. Syn oersetting fan it toanielstik The Wetsuitman fan Freek Mariën is ferskate kearen opfierd yn Ingelân en Amearika en is in Eurodram-seleksje foar 2023. Hy is op it stuit dwaande mei it oersetten fan De herinnerde soldaat fan Anjet Daanje.
Byld: Janine van Zeeland
Janine van Zeeland (1956) begûn nei in karriêre as hbo-dosint byldzjende fakken en keunstskiednis mei skilderjen yn har eigen atelier, yn de greiden fan Noardeast Fryslân.
Greide- en buorkerijbisten binne foar har in ûnútputlike ynspiraasjeboarne. Allinnich of yn ynteraksje mei-inoar, yn ûnferwachte hâldingen of kombinaasjes en altyd yn de rêst en de wiidsheid fan it polderlânskip. Mei dichter Eppie Dam makke se yn 2021 it boek Een dier is ook maar een mens, wêrby’t hy gedichten makke by 42 wurken fan Janine. Sy skilderet benammen mei oaljeferve op doek.