Boekelizzer winter 2023 - Leeuwarden City of Literature

IN TSJUSTER PAAD

Myn begjin wie de hjerst
dêr’t alles los liet en foel
oant ik dy trof
en de winter begûn

Ik hie oerwinterje moatten
soe op it Suden oan
mar foar’t ik fleane koe
hiesto myn wjukken al ôfsnien

Komt, oer in tsjuster paad
aanst de skrale sinne
kidelet se my op ’e rêch
en groeie myn wjukken werom?

Gedicht (yn trije talen): Lara Kool

Lara Kool (1985) is begjinnend skriuwer en studint oan de Skriuwersfakskoalle. Se is oansletten by it dichterskollektyf Rixt en hat ferskate gedichten op harren webside rixt.frl publisearre. Se hat dit jier trije gedichten skreaun foar it FeRstival, in Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen. Ek wie se ien fan de winners fan de posterpoëzywedstriid fan de Dichter fan Fryslân. Ien fan har gedichten is sûnt oktber te sjen yn in paniel lâns it Dichterspaad, in kuierrûte yn Aldegea. Se skriuwt dêrneist non-fiksje teksten foar de basisskoalle en hâldt fan it skriuwe fan proaza foar jong en âld. Se skriuwt it leafst yn in Frysk, de taal fan har foarâlden, dy’t se op 32-jierrige leeftiid leard hat.

Byld: Janine van Zeeland

Janine van Zeeland (1956) begûn nei in karriêre as hbo-dosint byldzjende fakken en keunstskiednis mei skilderjen yn har eigen atelier, yn de greiden fan Noardeast Fryslân. Greide- en buorkerijbisten binne foar har in ûnútputlike ynspiraasjeboarne. Allinnich of yn ynteraksje mei-inoar, yn ûnferwachte hâldingen of kombinaasjes en altyd yn de rêst en de wiidsheid fan it polderlânskip. Mei dichter Eppie Dam makke se yn 2021 it boek Een dier is ook maar een mens, wêrby’t hy gedichten makke by 42 wurken fan Janine. Sy skilderet benammen mei oaljeferve op doek.