De lansearring fan de nije webside fan de Stichting Poëzieroute Leeuwarden wie freed 6 novimber de oanlieding foar in programma oer strjitpoëzy, mei sprekker Kila van der Starre. Yn de Fryske haadstêd leit de grutste poëzyrûte fan Nederlân. Dizze rûte is no ek tagonklik foar minsken mei in beheining.

De Stichting Poëzietableaus Leeuwarden (oprjochte yn 1993) beheart no sechstich poëzystiennen yn de stêd. Yn de rûte lizze ûnder oare gedichten fan Slauerhoff, Ilja Leonard Pfeijffer, Anne Vegter, Remco Campert en Ellen Deckwitz. Dizze rûte is no ek tagonklik foar minsken mei in beheining fia de nije webside en webapp op poezieroute.nl. De hiele rûte is dêrmei sawol thús as ûnderweis te folgjen.

Akteurs Tamara Schoppert en Raymond Muller hawwe de gedichten ynsprutsen, sadat minsken mei in fisuele beheining nei de teksten lusterje kinne. Foar minsken dy ‘t net yn de gelegenheid binne de rûte te kuierjen binne der by elk gedicht 360graden-bylden makke. Boppedat binne der foar bûtenlânske gasten Ingelske oersettings oanwêzich en binne de Fryske gedichten ek oerset yn it Nederlânsk.

Haadgast Kila van der Starre joech freed 5 novimber in workshop oer de linguistyske en materiële koade fan strjitpoëzy. Yn de oanslutende lêzing sette de literatuerwittenskipper, poëzykritikus en dichter útien hoe ‘t dizze foarm fan literatuer ûntstien is en wat de ferskillen binne tusken it fenomeen yn Flaanderen en Nederlân.

De nije webside is ûntwikkele troch BW H Ontwerpers en mooglik makke troch Leeuwarden UNESCO City of Literature en it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân.

Foto’s: Marc de `fotograaf