Lêst fan keuzestress? Fan ûnbeantwurde begearte of wurkwalging? Fan social media-wurgens of in brutsen hert? Ljouwert City of Literature en De Culturele Apotheek biede help by dizze en oare deistige krupsjes!
Kom nei it ynrinsprekoere foar in koart mar ynkringend konsult en diel dyn soargen. Dan ûntfangst fuortendaliks in persoanlik boekeresept op maat, ynklusyf de júste dosearing, it bêste tiidstip fan ynnimmen en eventuele bywerkingen.
It earste ynrinsprekoere is nei ôfrin fan de lunchlêzing fan Mira Feticu, Liefdesverklaring aan de Nederlandse taal, op tongersdei 16 maart by Tresoar. De lunchlêzing duorret fan 12:30 oant 13:30 oere. Foar de lunchlêzing is it nedich om te reservearjen op de webside fan Tresoar. Foar it ynrinsprekoere hoechst gjin ôfspraak te meitsjen, kinst tusken 13:30 en 16:00 oere delkomme foar in fergees boekeresept. Ek ast net by de lunchlêzing bist, bist wolkom op it sprekoere.
Nei de webside →