Skow oan by Mei-inoar lêze en genietsje mei oare lêzers fan moaie ferhalen en gedichten.
De teksten wurde op it plak sels útdield, lûdop foarlêzen en dêrnei mei-inoar besprutsen. It is dus gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. De taal dêr’t wy yn lêze en dy’t wy prate passe wy oan oan de foarkar fan de groep. Meidwaan is fergees. De kofje en tee stean klear!
Mei-inoar lêze is in aktiviteit fan de dielnimmende lokaasjes, de Culturele Apotheek en Ljouwert City of Literature. Mei Mei-inoar lêze wurkje we mei oan it Fries Leesoffensief.
foto: Jacob van Essen | Hoge Noorden