Mei-inoar genietsje fan ferhalen makket it deistige libben riker. Dêrom is Ljouwert UNESCO City of Literature yn jannewaris 2024 mei De Samenleesclub úteinsetten mei Mei-inoar lêze (samenlezen) yn hiel Fryslân. We lêze yn biblioteken, doarpshûzen en op oare lokaasjes.

Mei-inoar lêze is gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Meist alle kearen oanskowe, mar in inkelde kear komme kin ek. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen. De groep stimt ôf yn hokker taal der lêzen wurdt en hokker taal praat wurdt. Wa’t wol kin reagearje op de teksten. Wat sizze de wurden? Wat dogge se mei dy? Rekket de tekst dy? Werkenst dysels yn de tekst?

By Mei-inoar lêze draait it hieltyd om de ferbining tusken teksten en it deistich libben. Oantinkens, assosjaasjes, emoasjes en tinzen soargje foar moaie petearen. Meidwaan oan Mei-inoar lêze is fergees. It is net nedich om oan te melden. De kofje en tee stean klear.

Foarkom teloarstelling; kontrolearje foarôf de aktuele datum en tiden op de webside fan de biblioteek by aktiviteiten / mei-inoar lêze.

Wannear en wêr?

– it is net nedich om oan te melden! –

dbieb Leeuwarden
Alle woansdeitemoarn, 10.30-11.30 oere. 

dbieb Grou
Ien kear yn de twa wiken op woansdei, 9.30-10.30 oere.

dbieb Burgum
Ien kear yn de twa wiken op woansdei, 13.30-14.30 oere.

dbieb Stiens
Ien kear yn de twa wiken op tongersdei, 10.30-11.30 oere.

dbieb Gytsjerk
Ien kear yn de twa wiken op tiisdei, 14.00-15.30 oere.

Bibliotheek Bolsward
Ien kear yn de twa wiken op tongersdei, 10.30-11.30 oere.

Bibliotheek Heerenveen
Ien kear yn de twa wiken op moandei, 10.30-11.30 oere.

Bibliotheek Akkrum-Nes
Ien kear yn de twa wiken op woansdei, 10.30-11.30 oere.

Bibliotheek Workum
Ien kear yn de twa wiken op tiisdei, 10.30-11.30 oere.

Bibliotheek Joure
Ien kear yn de twa wiken op freed, 10.30-11.30 oere.

Bibliotheek Oosterwolde
Ien kear yn de twa wiken op freed, 10.30-11.30 oere.

Bibliotheek Drachten
Ien kear yn de twa wiken op snein, 14.30-16.00 oere.

Huiskamerbibliotheek Holwert
Ien kear yn de twa wiken op tiisdei, 14.00-15.00 oere. (ûneven wiken)

Nim inoar mei, skow oan, oanmelde is net nedich! Foarkom teloarstelling; kontrolearje foarôf de aktuele datum en tiden op de webside fan de biblioteek by aktiviteiten / mei-inoar lêze.

Mei-inoar lêze is in aktiviteit fan de dielnimmende lokaasjes, de Culturele Apotheek en Ljouwert City of Literature.
Mei Mei-inoar lêze wurkje we mei oan it Fries Leesoffensief.

Foto’s: Jacob van Essen | Hoge Noorden