Hâldst fan lêzen én fan goede petearen oer boeken? Dan kinst dy oanslute by ien fan de lêsklups yn de biblioteek fan Frjentsjer. Geregeld komme entûsjaste lêzers byinoar om boeken te bepraten, ynsichten te dielen en inoar te ynspirearjen mei nije ferhalen en perspektiven.
De lêsklup “ Moderne Literatuur ” rjochtet him op hjoeddeiske romans en aktuele literêre wurken fan útienrinnende auteurs. De groep kiest alle jierren titels út de lêslisten fan Senia. Hjirtroch komme sawol bekende skriuwers as ferrassende ûntdekkingen oan bod.
Foar wa? Liket it dy leuk om mei te lêzen en mei te praten? Op oanfraach is it mooglik om oan te sluten by ien fan de lêsklups yn de biblioteek. As de groep fol is, kinne je je op de wachtlist pleatse litte.
Oanmelde Oanmelde giet op oanfraach. Je kinne in mail stjoere nei info@bnfrl.nl. Fermeld hjirby dat je graach oanslute wolle by in lêsklup yn Frjentsjer. Der sil dan sa gau mooglik kontakt mei dy opnommen wurde.
Nei de webside →
