Iisbaan yn ’e maaitiid, opset troch û.o. fotograaf Baukje Venema, ferbynt de kultuer fan iisbanen mei keunst. Nei it boek (2020) en in eksposysje (2022), leit der no in ferfolch mei seis fytsrûtes by tweintich iisbanen del.
Mei keunst (skilderijen fan Hendrik Elings en ferstille swart wyt opnamen fan Baukje Venema) en de literêre en poëtyske taal fan tolve Fryske dichters en streektaaldichters: Gerard de Jong, Eeltsje Hettinga, Elmar Kuiper, Elske Kampen, Anske Smit, Henk van der Veer, Albertina Soepboer, Johan Veenstra, Janneke Spoelstra, Nyk de Vries, Hein Jaap Hilarides, Baukje Wytsma, Edwin de Groot, Joël Hut en Syds Wiersma.
Nei de webside →