Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris – by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstalleare as nije Berneboekeambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange.
Tialda Hoogeveen nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Lida Dykstra, dy’t yn 2020 ta earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân beneamd waard. Lida Dykstra naam by deselde gelegenheid, nei trije suksesfolle jierren en mear as 150 skoalbesites, offisjeel ôfskie fan har ambassadeurskip mei de presintaasje fan har nijste berneboek ‘De Letterfretter’ en sil har no wer folslein op it skriuwen rjochtsje.
In berneboek foar elkenien
Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ferhalen ferbine ús mei elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan.”
Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 1974) is sjoernalist, redakteur en skriuwer. Om bern entûsjast te meitsjen foar boeken en ferhalen wurke sy in tal jierren as Skoalskriuwer oan Fryske basisskoallen. Se skreau ferskate boeken foar bern en folwoeksenen. Koartlyn ferskynde fan har hân ‘Abe en de Aardichman’, in ferhaal oer ferlies en loslitten, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.
Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambassadeur bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.
De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Gean nei www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.