Kultuermakker Jochem Knoef, Onze Familie in Leeuwarden (Stjoer) en Ljouwert Unesco City of Literature sille nije ynwenners dy’t mei de nije Wet Inburgering yn Ljouwert kommen binne, wolkom hjitte mei nije meartalige literatuer. Dat dogge se foar Over de drempel, it programma foar it oanpakken fan iensumens yn de gemeente Ljouwert. De nije meartalige literatuer is ynspirearre troch filosoof en dichter Rumi.

Nije meartalige literatuer en muzyk

Assosjaasjes, oantinkens en konneksjes fan nijkommers yn Ljouwert wurde ûnder lieding fan wurdkeunstners omset yn nije meartalige literatuer. De universele taal fan muzyk ferbynt de (nije) teksten yn ferskillende talen. Now is the time to say new things makket dúdlik dat de nije Ljouwerters net allinnich binne, mar dat der in ferbining lein wurdt mei oaren dy’t deselde of in ferlykbere reis makke hawwe.

Ynspirearre op Rumi

Now is the time to say new things is basearre op gedachten en gedichten fan filosoof en dichter Jalal ad-Din Rumi (1217-1273). Dizze Perzyske dichter wurdt sjoen as ien fan de wichtichste fertolkers fan mystike poëzy, om’t syn gedichten opmerklik aktueel bliuwe. Sa aktueel dat sels rapper Jay-Z en sjongeres Beyoncé ien fan harren bern nei him neamd hawwe.

Wy kieze foar in dichter dy’t ticht by de doelgroep stiet om’t it learen fan in nije taal, besykje in oare kultuer te begripen en in beheind sosjaal netwurk it allegear sa lestich meitsje. Boppedat is Rumi syn wurk wrâldwiid bekend, sawol yn it (Midden) Easten as yn it Westen. Dêrmei is it in goede basis foar in dielde, mienskiplike ûnderfining fan nijkommers en ynwenners fan Ljouwert. Ek is der gelegenheid om it kultureel erfguod út it lân fan komôf fierder eigen te meitsjen, of it op boartlike wize te pleatsen yn en te ferbinen mei de nije (Frysk-Nederlânske) kultuer.

Oer Over de drempel

Yn Ljouwert en omlizzende doarpen wurdt kultuer ynset om iensumens oan te pakken. Over de drempel is benammen rjochte op it mei-inoar dwaan. Mei in positive oanpak sjocht it programma nei oplossingen ynstee fan nei de problemen dy’t oan iensumens ferbûn binne.