Tongersdei 23 febrewaris is it Fries Leesoffensief útein setten! Minsken (benammen jongeren) hawwe hieltyd minder nocht oan lêzen. Om’t se wend binne oan koartere teksten, gjin tiid hawwe, se der net in protte affiniteit mei hawwe of om’t se net goed lêze kinne.
En dat is spitich, want lêzen makket dat minsken en maatskippij groeie. Net goed lêze kinne hat in grutte ynfloed op de brede wolfeart en it wolwêzen fan ynwenners fan Fryslân. Fryslân stiet no yn de top 3 fan provinsjes mei it heechste tal ynwenners dat net goed lêze kin.
Dêrom begjinne wy yn Fryslân it Fries Leesoffensief. Dit lêsoffinsyf jout in ympuls oan kollektive lêswille en set lêspromoasje op de aginda, mei as doel dat safolle mooglik ynwenners yn Fryslân genôch taalfeardich wurde en meidwaan kinne oan de maatskippij.
Benijd mei hokker partners wy de lêskoalysje foarmje en hokker stappen wy dit jier sette?
Sjoch op: