De Culturele Apotheek skriuwt Der sille dagen komme fan Tiny Mulder foar
As besiker fan dizze webside sille jo in entûsjast lêzer fan literatuer wêze. In waarm foarstanner fan liderlike lêsaventoeren. Faaks is it sels jo wurk om it lêzen te promoten. By hokker groep jo ek hearre, jo binne nei alle gedachten bekend mei it gefoel ferlern te wêzen. It gefoel dat oer jo komt as jo mei jo roman of dichtbondel yn ‘e trein sitte en om jo hinne minsken sjogge dy’t leech nei mobile telefoans stoarje. Dat momint dat jo jo realisearje dat jo jo leafste of puberbern bûten de fakânsjes om noait fine sille mei in boek yn ‘e hannen. De ôfgriis dy’t jo oerfalt as jo yn ‘e krante lêze hoe hurd it lêzen yn Nederlân achterút buorket.
Hawwe jo te krijen mei dierberen of studinten dy’t tinke dat se bettere dingen te dwaan hawwe as lêzen? Mei bern dy’t leaver Tiktok-dûnskes ynstudearje of einleas sitte te gamen? Mei PABO-studinten dy’t kwalik trije berneboeken yn it jier lêze, lit stean in ‘folwoeksen’ roman? Fiele jo jo in domme boomer as jo besykje nochris út te lizzen wat it lêzen jo bringt?
It is begryplik dat jo de moedfearren somtiden in bytsje hingje litte en dat it jo as foarstanner fan it boek by de hannen ôfbrekt. Dat jo jo wolris ôffreegje oft it lêzen fan literatuer noch past yn dit digitale tiidrek, mei al dy jonge minsken (en de âlderein) dy’t sa mei harren telefoan dwaande binne. Dat jo somtiden de gedachte opkomt dat jo tsjin in efterhoede fjochtsje, wuivend mei boeken as Don Quichot dy’t fjochtet tsjin wynmûnen.
Mar: net opjaan! As entûsjast lêzer witte jo better as elkenien hoe heilsum lêzen is. Hoe ûneinich de ynfloed fan literatuer wêze kin. Hoe goed lêzen is foar jo geastlik wolwêzen. Hoefolle in literêre pil helpt tsjin stress, in drokke holle en alderhande pine. Hoefolle ûntspanning it lêzen jout, en hoefolle treast, ynsjoch en ynspiraasje.
Hoe moai en wichtich is it net om de minsken yn jo omkriten dat te fertellen. Om troch te gean mei it oanfiterjen fan oaren, om dat Netflix-skerm en dy podcast-app fuort te klikken. Dus – wa wit! – oan de widze te stean fan in revival fan it lêzen yn Fryslân! Lit jo ynspirearje troch Booktokkers dy’t it slagget om jonge minsken massaal boekwinkels yn te driuwen, op syk nei in nije lêskick. In takomst wêryn’t jo jo net mear gekke Gettsje fiele, jo mei jo boeken, is echt mooglik!
Foar dy mominten dat de twifel dochs taslacht, skriuwe wy jim graach in booster yn de foarm fan in gedicht foar: Der sille dagen komme fan Tiny Mulder.
Ien fan de strofen út dit gedicht:
der sille dagen komme
dat gedichten as bern
op de trottoirs boartsje
en dat yn de iere maitiid
de minsken efkes stilsteane
de motors ôfsette en sizze
hear de bern
hear de poëzy
It hiele gedicht fine jo hjir.
Dizze literêre genêskunde biedt in fiersicht, gobberjend en ynspirearjend, op in moaie takomst fol poëzy. In takomst dêr’t it keapjen fan in lyts bondeltsje poëzy oan ‘e ein fan ‘e moanne like gewoan is as it opheljen fan in pûn kofje yn ‘e supermerk.
Oanwizings foar it brûken
Nimme by de earste ferskynsels fan iensume-lêzergefoelens. Stimulearret de winsk om te lêzen en de needsaak dit advys te fersprieden. Der binne op ‘e lange termyn gjin bywurkingen bekend.
De Culturele Apotheek jout mei regelmaat lêsadvys by ús eveneminten. Krupsjes fan sammelsucht oant maitiidskribels wurde bestriden mei lêstips op resept.
Dizze kollum sprutsen Marije Wilmink en Akke Visser fan De Culturele Apotheek út op Lettertreffen, ús gearkomste mei it Fryske literêre fjild op 23 maart 2023 yn de Westertsjerke yn Ljouwert.