Tongersdei 23-3-23 wie yn de Westerkerk yn Ljouwert de earste edysje fan Lettertreffen, ús gearkomste foar it literêre fjild yn Fryslân.

Under mear skriuwers, útjouwers, beliedsmakkers, redakteuren fan tydskriften en meiwurkers fan boekhannels en biblioteken wienen by de presintaasjes fan Adriaan van Weel en Ruud Hisgen (auteurs fan ‘De lezende mens‘) en fan Marije Wilmink en Akke Visser (fan de Culturele Apotheek).

De presintaasje fan de middei wie yn hannen fan Karen Bies. Tryntsje fan der Steege en Berber van Oyen fertelden oer ús projekten en plannen. Der wie der romte foar fragen en nei ôfrin tiid om nei- en by te praten. Natalia Balanina makke foto’s fan de – wat ús oanbelanget – tige slagge gearkomste.

Foto’s: Natalia Balanina