Ljouwert UNESCO City of Literature hat ûndersyk dien nei ferskate lêsbefoarderingskampanjes en gearwurkingsferbannen op it mêd fan it lêzen foar de aardichheid yn de provinsje Fryslân. Wy hawwe sjoen nei de sitewaasje yn sawol de Fryske as yn de Nederlânske taal.
Njonken profesjonalisearring fan skriuwers en dichters, ynternasjonalisearring en ynnovaasje op gebieten as meartaligens en multimedia sjogge wy it stypjen fan lêsbefoardering as ien fan ús kearntaken.
Troch besteande inisjativen yn kaart te bringen kinne wy sjen wat der al dien wurdt, en eventueel sjen wat der yn it hjoeddeiske oanbod ûntbrekt. Op dizze wize hoopje wy gearwurking oan te moedigjen, foarsafier’t de organisaasjes dit fansels noch net sels dogge of fan doel binne.
Ljouwert UNESCO City of Literature stipet dy gearwurkingsferbannen en wol yn syn rol as oanjager en ferbiner bydrage oan in lêsoffensyf yn Fryslân. Wy sjogge dit ûndersyk as in earste stap!