Ljouwert UNESCO City of Literature en De Culturele Apotheek holden op sneon 15 july ynrinsprekoere ‘boeken op recept’ op de grutte boekôfdieling fan kringloopwinkel Hart in Friesland yn Drachten. Dizze spesjale apoteek hat gjin salfkes of pillen foarskreaun, mar literêre medisinen tsjin deistige krupsjes.
Wa’t lêst hat fan keuzestress, fan ûnbeantwurde langstme of wurkwalging, in brutsen hert of oare kwalen of libbensfragen is by De Culturele Apotheek op it goede plak. De kulturele aptekers joegen daliks en fergees in persoanlik, op maat makke boekresept, ynklusyf de juste dosering, de bêste tiid om it yn te nimmen en eventuele bywurkingen. De foarskreaune boeken koenen direkt socht en kocht wurde by de kringloopwinkel.
It earstkommende ynrinsprekoere is op sneon 9 septimber by Uit in Huis, de start fan it kulturele seizoen yn Ljouwert. De Culturele Apotheek stiet dan yn de boekwinkel fan de Afûk.
Ljouwert UNESCO City of Literature docht mei oan it Fries Leesoffensief en organisearret dêrom yn hiel Fryslân aktiviteiten dy’t mei it lêzen te krijen hawwe.