Yn Arcadia 2022 brochten wy Utsteld gelok: 100 ferhalen, alle dagen in nij ferhaal op in oar idyllysk plak. Henk Pröpper (skriuwer en ûnder mear ek âld-direkteur Nederlands Letterenfonds en De Bezige Bij) selektearre mear as tritich ferhalen foar in blomlêzing, dy’t dizze simmer sawol yn in Nederlânske as Frysktalige edysje ferskynt by de Afûk.
Pröpper: ‘Al dizze ferhalen beliede de leafde foar wat minsken inoar fertelle kinne, om wat fan de betiizjende wrâld te trochgrûnjen, of ús laitsje te litten om de ûnbegryplikens fan ús lot’.