Tusken 7 maaie en 14 augustus 2022, alle dagen fan it 100 dagen duorjend kultureel programma Arcadia, bringt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân.

100 dagen, 100 ferhalen, 100 lokaasjes

De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de pandemy. Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Annelies Verbeke, Elke Geurts, Etgar Keret (Israël), Gerda Blees, Joke van Leeuwen, Koos Tiemersma, Marek Šindelka (Tsjechië), Nyk de Vries, Pilar Quintana (Kolombia), Thomas Verbogt en njoggentich oare auteurs skreaunen der allegearre in nij koart ferhaal oer.

Fyftjin profesjonele fertellers lêze dizze ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op de folkstún, yn tunen fan staten en stinzen, yn pluk- en teetunen en op festivals. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk.

Boarne fan ynspiraasje is it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italiaanske dichter en gelearde Boccaccio: de Decamerone. In samling fan hûndert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken, op ‘e flecht foar de pest. 

Lykas doe fertelle we inoar ek no ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skientme en gelok te finen.

Praktyske ynformaasje

* Utsteld gelok is fergees tagonklik;
* Kinst spontaanwei delkomme, hoechst net te reservearjen of dy oan te melden
* Nim sels in túnstoel of tekkentsje mei;
* We sitte bûtendoar, klaai dy op it waar;
* Mei wolkom, yntroduksje, it ferhaal, neiprate en mooglik in rûntsje troch de tún duorret it programma likernôch in oere (op festivals koarter);
* De ferhalen binne neidat se ferteld binne ek te lêzen en te beharkjen op de webside.

Kredits
Fertellers: Anna Raadsveld, Ate de Jong, Brecht Wassenaar, Claudia Woolgar, Frank Belt, Jan Tiede Bouma, Janneke Brakels, Sjoerd Bottema, Sjoerd van Beem, Sjoukje Jager, Zen Roorda, Joeso Peters, Tet Rozendal, Nynke Heeg, Marjolein Ley, Suzanne van Zwam, audio: Linze Valk, kampanjefoto: Mirjan van der Meer

Konsept: Marleen Nagtegaal en Ernst Bruinsma, projektkoordinaasje: Tryntsje van der Steege, marketing: Berber van Oyen-Peenstra, produksje en publisteit: Grietje Deinum, projektmeiwurker: Sito Wijngaarden, frijwilligers: Nynke Duiker, Fokje van der Meij, Gertrud Palstra, Heleen Kerkhof, Pieteke de Boer, Ciska Noordmans, Epko Dalstra, Jannie Geertsma, Wytske Wassenaar, Eise Dobbinga, Hermien van der Meer

Foto: Mirjan van der Meer

 
Harkje alle dagen nei in prachtich ferhaal
  • 100 ferhalen yn dyn mailbox
  • fan 7 maaie oant en mei 14 augustus
  • ek om te beharkjen

100 lokaasjes

100 ferhalen

Ynkoarten

 

Al west

Hjoed
freed 12 augustus 2022 • 19:30 oere
Boegen 1, Oudemirdum, Nederland
Foarlêzen troch Claudia Woolgar yn it Ingelsk

Landmark Beach
fan Chika Unigwe

tongersdei 11 augustus 2022 • 19:30 oere
Dokter Ypeylaan 10, 9257 MR Noardburgum, Nederland
Foarlêzen troch Marjolein Ley yn it Nederlânsk

Tiid en it ferhaal
fan Julie Phillips

woansdei 10 augustus 2022 • 19:30 oere
Jan Hofswijk 1, Wijnjewoude, Nederland
Foarlêzen troch Marjolein Ley yn it Nederlânsk

Spegel (12+)
fan Caja Cazemier

tiisdei 9 augustus 2022 • 19:30 oere
Tsjerkeleane 2, 9038 TD Engelum, Nederland
Foarlêzen troch Marjolein Ley yn it Nederlânsk

De nachtfrou
fan Lauren Groff

moandei 8 augustus 2022 • 19:30 oere
600 meter oostelijk van Vierhuisterweg 76, Leeuwarden
Foarlêzen troch Joeso Peters yn it Nederlânsk

Krobben
fan Joep van Helden

Harkje alle dagen nei in prachtich ferhaal
  • 100 ferhalen yn dyn mailbox
  • fan 7 maaie oant en mei 14 augustus
  • ek om te beharkjen