Liket it dy wat ta om yn in moaie tún fuort te dreamen by in ferhaal oer de syktocht nei skientme en gelok? En bist benijd nei ús Arcadia-ferhaleprojekt Utsteld gelok? Kom dan woansdei 13 april fan 15:30 oant 17:00 oere nei de try-out op Natuurboerderij It Kolkje yn Skuzum (by Makkum)! 

Fan 7 maaie oant en mei 14 augustus fertelle fyftjin profesjonele fertellers 100 dagen alle dagen in nij ferhaal op in oare lokaasje yn Fryslân.

Utsteld gelok hat plak yn 100 ferskate tunen yn de hiele provinsje, meastentiids gewoan by minsken thús. Yn de sfear fan in hûskeamerkonsert, mar dan mei in ferhaal, en yn de tún.

Praktyske ynformaasje

De tagong is fergees. Nim sels in túnstuoltsje mei.
Der wurde by dizze try-out foto’s en filmkes makke.
Navigaasje-adres: Papiermolenstreek 1, Makkum
Folgje dêr de oanwizings foar it parkearjen.

foto: Natuurboerderij It Kolkje, Iris Ehrentraut