Foar it ferhaleprojekt Utsteld gelok sykje wy frijwilligers dy’t yn de perioade fan 7 maaie o/m 14 augustus op syn minst 5 kear, op syn meast 10 kear frijwillich gastfrou of gasthear wêze wolle yn in tún. Hâldst fan ferhalen, fan minsken en fan moaie tunen? Dan soe dit krekt wat foar dy wêze kinne!

De opset fan it projekt is dat 100 dagen lang, alle dagen in nij ferhaal op in oar plak yn Fryslân foarlêzen wurdt, foar (in beheind oantal minsken) publyk.

Dit fynt dus plak yn 100 ferskillende tunen troch de hiele provinsje hinne, meast gewoan by minsken thús – de sfear fan in ‘huiskamerconcert’ mar dan mei in ferhaal, en yn ‘e tún.

De ferhalen wurde foarlêzen troch profesjonele fertellers. De túneigners binne fansels sels ek oanwêzich, mar we wolle ek graach op elk fan dy lokaasjes in persoan as gasthear/gastfrou en as fertsjintwurdiger fan Ljouwert City of Literature biede.

It giet dan hiel konkreet om dizze taken (yn oerlis mei de t´úneigner(s)):
* plek van optreden markeren
* aantal bezoekers binnenlaten o.b.v capaciteit tuin
* aanspreekpunt tuineigenaren, verteller, fotograaf
* aanvangstijd bewaken (weekend 15:30 uur, weekdagen 19:30 uur)
* welkomstwoord voor publiek
* Uitgesteld Geluk-project + verteller introduceren (verteller introduceert zelf verhaal + schrijver)
* afsluiting verhaal-gedeelte
* evt. algemene informatie geven over Leeuwarden City of Literature, Arcadia en Uitgesteld geluk

De optredens binne hieltyd op in fêste tiid (15:30 oere yn it wykein en 19:30 oere op wykdagen) – al moatst der dan as gasthear/gastfrou wol wat earder wêze en bliuwst oant it nedich is – en duorje al mei al sa’n oardel oere.

Mei’t de optredens troch hiel Fryslân binne, kinne we jim ticht by jim wenplak yndiele en fansels rekken hâlde mei oare beskikberens. In rydbewiis en auto binne in pré. Reiskosten wurde fergoede.

Foar de ‘kontinuiteit’ is it fan belang datst as frijwilliger yn alle gefallen fiif kear as gasthear/gastfrou oanwêzich wêze kinst, en leafst wat faker, mar alle help is wolkom fansels.

Is it wat foar dy? Dan komme we graach mei dyn yn kontakt!
Mail ús op info@leeuwardencityofliterature.nl.