FeRstival is de grutste foardrachtswedstryd fan Fryslân. Alle jierren dogge mear as 100 learlingen út it fuortset ûnderwiis mei oan FeRstival.
Sûnt 1993 fersoarget it Sintrum Frysk & Meartaligens fan Cedin de organisaasje fan FeRstival. It jierlikse boekje Fersefariaasje, mei de gedichten om foar te dragen, wurdt gearstald mei fersen dy’t faak spesjaal skreaun binne foar dat doel. FeRstival hat sicht op de aktive skriuwers yn Fryslân en daagt dy alle jierren út om yn ‘e hûd fan pubers te krûpen.
Publyk is tige wolkom by de finale op sneon 17 desimber om 13:30 oere yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean! (Tink der om: earder wie de lokaasje de Harmonie yn Ljouwert)
Yn it skoft treedt Rowan Veltman op. Hy wûn ferline jier SjONG en krige koartlyn de golden buzzer by Holland’s Got Talent. By FeRstival lansearret hy nije muzyk en wurdt er tasprutsen troch Sietske Poepjes, deputearre fan Fryslân.
Nei de webside →