De Nationale Voorleeslunch wurdt dit jier foar de alfde kear organisearre en lit sjen dat foarlêzen ek foar âlderein in noflike en ferbinende aktiviteit wêze kin. It foarlêzen fan in ferhaal jout ûntspanning en is faak in oanlieding om mei-inoar te praten of oantinkens op te heljen.

It ferhaal is spesjaal foar dizze dei skreaun troch Ronald Giphart en is ek dit jier wer troch de Afûk oersetten yn it Frysk. Wolle jimme graach it Fryske ferhaal foarlêze? Dat kin! Freegje it oan fia in mail nei: friesindezorg@afuk.frl.

Nei de webside →