It tema fan de 88ste Boekenweek, dy’t plakfynt fan sneon 11 oant en mei snein 19 maart, is Ik ben alles.
Lize Spit skriuwt it Boekenweekgeschenk, Raoul de Jong it Boekenweekessay, Tsead Bruinja it twatalich Boekenweekgedicht. Elske Schotanus makke yn opdracht fan Boeken fan Fryslân in Fryske oersetting fan Boekenweekgeschenk.
Der binne in protte literêre aktiviteiten yn de Boekenweek!