It tema fan de 88ste Boekewike, dy’t plakfynt fan sneon 11 oant en mei snein 19 maart, is Ik ben alles. Lize Spit skriuwt it Boekenweekgeschenk en Raoul de Jong komt mei it Boekenweekessay. Ek komt der in Fryske edysje fan it Boekenweekgeschenk.

Lêzers krije it Boekenweekgeschenk fan de boekhannel as se € 15,- besteegje oan Nederlânsktalige boeken. It Boekenweekessay is te krijen yn de winkels foar € 5,-. Ek komme der Fryske en Flaamske útjeften fan it Boekenweekgeschenk. Flak foar it begjin fan de Boekenweek wurdt it byhearrende Boekenweekgedicht presintearre.


Foto: Shody Careman