It Boekenweekgedicht is dit jier skreaun troch Tsead Bruinja. It is in primeur dat it Boekenweekgedicht yn it Nederlânsk én yn it Frysk ferskynt. It gedicht jout meardere perspektiven op it wêzen. Dat passet by it tema fan de Boekenweek 2023, Ik ben alles.
It gedicht is printe op in linnen tas dy’tst kado krijst yn de Boekenweek, fan 11 o/m 19 maart, yn de boekhannel en de biblioteek. Wolst it Boekenweekgedicht ferstjoere nei in freon(dinne), famylje of kunde? Hâld dan de Boomerangrekken yn de hoareka yn ‘e gaten!
foto Tsead Bruinja: Tessa Posthuma de Boer